- 7 - De hear Van der Baan seit dat de werklike, finansjele óf rekken noch konmie moat. Hy nimt oan dat wat yn it ütstel stiet oer in finansjele ófwikkeling giet yn de kwestje mei it personielslid. De hear Van den Berg seit dat hy it gefoel hat dat der wol faker sein wurdt dat der foarüt- en net achterom sjoen wurde moat. Hy hie wol graach weromsjen wold om dêr fan te learen. De foarsitter seit dat de finansjele ófwikkeling noch oan de oarder komme sil. We moatte elkoar net it grêf ynprate. De nije ûndernimmers fan Yn 'e Lij te moatte ek de kâns krije. Oft de gemeente ek finansjeel sjoen in goed keapman west hat sil bliken dwaan by de behanneling fan de finansjele ófwikkeling. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 12Voorstel tot het nemen van voorbereidingsbesluiten op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Nummer 8: De hear Van der Baan seit dat der in oerienkomst leit tusken middenstân en de stichting oangeande de aktiviteiten op it ter rein fan de jachthaven. Hy tinkt dat dit fersyk wol problemen opsmite kin. Kin hjir in presedintwurking út fuortkomme. Hy soe dit punt oanhâlde wolle as it kolleezje net krekt wit hoe't de oerienkomst der útsjocht. Oangeande in oar punt merkt de hear Van der Baan op dat guon bedriuwen iepenbier grien as opslachplak brûke. As dy wat fan de gemeente freegje soe de gemeente freegje kinne dat iepenbier grien net mear te brûken as opslach. Wethâlder De Boer seit dat it gebrûk fan iepenbiere romte in punt fan omtinken is. Yn in fergunning kin net in betingst sa as de hear Van der Baan wol, opnommen wurde. Foar safier har bekind is der gjin oerienkomst tusken de Stich ting Tusken de Marren en de middenstân. Dizze oanfraach is mei it bestjoer fan de stichting, dêr't alle sektoaren út it doarp Akkrum yn fertsjintwurdige binne, bepraten. Nummer 13: De hear Van der Baan nimt oan dat der yn de kommisje oer dit plan praten wurdt. Sy fraksje is net op foarhân foar, mar wol oer privatisearing fan guon taken prate. De foarsitter seit dat der saken oanpast wurde moatte omt se net mear passé yn dizze tiid. Yn de kommisje komt dit noch oan 'e oarder. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 13Voorstel tot het beschikbaar stellen van kredieten voor het woon- rijpmaken van het complex Lyts Sinia te Wergea. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. NOT1209/0/H/BROUWERJ/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 9