aäj Oan it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan de gemeente Boarnsterhim te Giou. Achte kolleezie; OP dit stuit komme Jimme mei ütspraken nei buten oangeande in bestimmingsferoaring fan de sport- f.iilden oan de Troelstrawei (Nesserdyk) te Grou. Dy fiilden soene dan ferpleatst wurde moatte nei it Sjprtkompleks Meinga. a Us ffraksj e fynt soks sa yngripend dat foarofgeand oan fierdere planfoarming earst in düdlike ütspraak fan de Rie frege wurde moat. Om dy reden tsiinie wy in inis.iatyfûtstel yn om ta dy ütspraak te kommen. De FNP fraksje stelt út om it besteande sportkompleks oanjie Troelstrawei yn stân te hâlden en g.iin wiziging yn de bestimming oan te bringen. De réden dat üs fraksie soks foarstiet leit in it gegeven dat de hjoeddeiske fiilden mei in soad muoite en kosten oanlein binne en boppedat dat ek de ekstra finansiele ynspannings fan de ferienings by de bou fan de kantines net üt it each ferlern wurde mei£. Ek freegje wy üs of hoe geskikt de grün op it nije plak wêze sil foar in yntensyf gebrük benammen omdat de ünderlizzende lagen foar in grut part feangrün) him troch ynklinking noch foar in grut part foarmje moat en soks noch lange jierren nedich hat om ta st&bilaasje te kommen. Ek dêrnei sille der nei ferhâlding hege ûnderhâldskosten bliuwe op dy grün Ut meidielings fan dó' ferienings hat üs boppedat bliken dien dat in ferpleatsing fan de fjilden gjin folsleine oplossing biede kin omdat net alle fjilden nei it nije plan oerbrocht wurde kinne fanwegen de beheinde romte dêrre De FNP fraksje: Grou,25 oktober J AvdBaan Mr.P.J.Troelstr, 9001 CR Grou. 1995 GEMEENTE BOARNST&RHIM Ingekomen 6 NOV. 1995 om advies ter kenn. ter afd.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 3