- 2 - Wethouder Van den Berg zegt toe dat er aan deze publicatie aan dacht zal worden geschonken. Nummer 8: De hear Van der Baan fynt dat de gemeente Boarnsterhim oanslu- ting by de moasje sykje moat. Benammen omt boargemaster Bijl oangeande de bestjoerlike fernijing him ütlitten hat yn in rjochting dy't syn fraksje net oanstiet. It liket him ferstan- nich, as sokke sinjalen der binne direkt te reagearjen. Yn dit gefal troch it ûnderskriuwen fan de moasje fan de gemeente Opsterlân. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje krekt de moasje net stypje wol omt men yn de moasje gjin ôfstân nimt fan it praten oer de gemeentlike weryndieling run Ljouwert. It kolleezje nimt in goed beslút troch dit yn it petear mei te nimmen. Mevrouw Aukes vestigt de aandacht op de bijeenkomst op 22 novem ber in Opeinde over de voortgang van het project bestuurlijke vernieuwing. Zij roept het college op daar de mening van het gemeentebestuur mondeling te ondersteunen. De foarsitter seit dat it kolleezje net fynt dat alles wat fanôf no oer bestjoerlike fernijing, weryndieling dêr somtiden yn beflapt, oer ús komt oernommen wurde moat. Boarnsterhim hat in dúdlik stânpunt oer in weryndieling en dat ek al meardere kearen dúdlik ferwurde. Nummer 10: Mefrou Veldstra seit dat it om in brief giet dy't troch alle Pleatslike Belangen út Boarnsterhim wei ûndertekene is. Nummer 11: De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it kolleezje no al witte litte wol dat de Blikpôle in terrein bliuwe moat dat tagonklik is foar it publyk en dat der gjin swiere bebouwing op komme moat. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie benieuwd is naar de reactie van het college. Zij wordt graag geregeld op de hoogte gehouden van de voortgang ten aanzien van het project Waterfront Grou. Wethâlder De Boer seit dat de kommisje op 'e hichte hâlden wurde sil. Ek de réaksje op dit brief sil oan de kommisje meidield wurde. Nummer 12: De hear Van der Baan wol graach fan it kolleezje krekt witte hoe't dizze saak yn elkoar stekt. De foarsitter seit dat it hjir giet om in sivyl-rjochtlike saak. In de kommisje sil hy op dizze saak weromkomme. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 3Mededelingen. Wethâlder De Boer seit ta noch te melden om hokfoar bedriuw it giet yn stik 2.f. NOTlAl1/0/H/BR0UWERJ/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 5