- 3 - Vervolgens worden de mededelingen verder voor kennisgeving aange nomen 4. Voorstel tot het verstrekken van een reactie inzake het Rapport "Structuur op maat voor Stadsgewest Leeuwarden". De hear Roorda seit dat syn fraksje it stribjen nei it fersterk- jen fan de posysje fan de gearwurkingsstruktuer binnen it steds- gewest stipet. It fierder ütwurkjen fan de Ontwikkelings-NV is dêrta in moaie kâns. It is moai dat de measte oare gemeenten hjir ek achter steane. Syn fraksje fynt it útstel frij meager. Hy freget him óf oft it wol slagje sil yn koarte tiid oerienstim- ming te berikken oer de neiere ütwurking. Benammen sjoen it stânpunt fan de gemeente Ljouwert. It belûken fan de oare Wester- go-gemeenten by de Ontwikkelings-NV slagget foarearst ek net. Dêrnjonken spilet noch de driging fan in weryndieling. Syn fraksje hat twifels en soarch oer de wil ta gearwurking fan de gemeente Ljouwert. It liket him dêrom in goede saak in tiids- limyt te stellen oan it besykjen de gearwurkingsstruktuer te fersterkjen. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie de intentie tot versterking van de samenwerkingsstructuur onderschrijft. Gezien het rapport zal het ook in de toekomst een kwestie van geven en nemen blij ven. Dat is immers inherent aan deze vorm van samenwerking. Het meest vergaand is het opzetten van een Ontwikkelings-NV. Haar fractie vraagt zich af of die NV-vorm wel de meest geschikte is voor het gestelde doel. Er zijn voorbeelden genoeg van goed lo pende intergemeentelijke samenwerkingsverbanden die niet in een NV-vorm zijn gegoten. Volgens haar leent het openbaar bestuur zich, gezien de democratische legitimatie, minder voor een NV- vorm. Haar fractie vraagt het college deze kanttekening mee te nemen naar het overlegplatform hoewel zij betwijfelt of dit nog wel aan de orde is omdat er al aan de uitwerking is begonnen. Doet de mening van de raad van Boarnsterhim er dan nog wel toe? De hear Postma seit dat syn fraksje wiis is mei dit útstel. Syn fraksje krijt de yndruk dat de gemeente Ljouwert de gearwurking trênearet. Hy konstatearret ek dat der fia de media op in or- dinêre wize kommunisearre wurdt. Syn fraksje fynt dat it tiid is foar in testcase om klearheid te krijen. Alderearst sil der in folsleine oerienstemming wêze moatte oer de te nimmen aksjes. Dêrnei kin der in operasjoneel plan makke wurde mei tiidpaad, aksjes ensafuorthinne. Syn fraksje wol graach ûnder punt A fan it beslüt de wurden "zo mogelijk" tuskenfoegje. De hear Van der Baan seit dat gearwurking binnen it stedsgewest net samar fan 'e grûn komt. Dat kinne oan alle kanten fernommen wurde. Ut it ütstel docht ek wol bliken dat it in hiel muoisume kwestje is. In tige abstrakte beneiering fan de problematyk is yn sa'n saak faak it iennichste. Syn fraksje fynt dat de Ontwik- kelings-NV in goede oanset is. Hy fynt ek dat gearwurking binnen it stedsgewest op alle mooglike manieren stimulearre wurde moat. Dêrby moat wol óffrege wurde oft sa'n nije foarm fan gearwurkjen wol kin yn koarte tiid. As it te fluch giet mei de bestjoerlike fernijing kin dat ta brokken liede. Histoarysk groeide bestjoers- foarmen kinne net samar oan 'e kant reage wurde. Ut it skreaune op side 5 lést hy dat Ljouwert eins nee seit en dat o sa moai yn in lange sin ferpakt. NOT1411/0/H/BROUWERJ/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 6