- 4 - Hy soe wolle dat de ried fan Boarnsterhim Ljouwert op it hert bynt om serieus yn it stedsgewest te kommen ta in goede gearwur- kingsfoarm. Hy is it wol iens mei de ynstek fan it kolleezje. Hy hat de idee dat de Westergosône wol hiel fier yn it tinken fan ús ôfstiet. Dêrom sjocht hy leaver dat punt A fan it beslüt as léste opnommen wurdt. De hear Van den Berg seit dat hy de wurden fan de oare sprekkers ünderskriuwe kin. Foar de takomst bliuwt it in kwestje fan jaan en nimmen, sa as mefrou Aukes dat sa treflik sei. Der wurde terjochte fraachtekens set by de NV-foarm. It kin bést wêze dat der gaadliker gearwurkingsfoarmen binne. Gearwurking mei de Westergosône moat net perfoarst keppele wurde oan de gearwurking yn it stedsgewest. Hy is it ek wat dat oanbelanget wol iens mei de hearen Postma en Van der Baan. De hear De Jager seit dat de miening fan syn fraksje wol bekind is. Hy kin it ütstel ünderskriuwe. Syn fraksje hat der betrouwen yn dat der bést wat op 'e hispel komme kin. De foarsitter seit dat it kolleezje tige wiis is mei de réaksjes út de ried wei. Gearwurking is yndied in kwestje fan jaan en nimmen. Mefrou Aukes hat goed ferwurde wêr't it krekt om giet. Ljouwert nimt in bysûndere posysje yn as haadstêd fan de pro- vinsje. Dat Ljouwert dy posysje fersterkje wol is hiel begryp- lik. Yn it oerlis mei de 6 stedsgewesten wolle guon gemeenten harren eigen posysje ek profilearje. Ek dat is hiel begryplik. Nettsjinsteande dat is it in earnstich besykjen wurdich om yn it ramt fan de diskusje oer de bestjoerlike fernijing de gearwurking tusken de stedsgewestgemeenten te fergrutsjen. It kolleezje is net fan betinken dat de Ontwikkelings-NV "je van het" is mar de NV in weardefolle bydrage betsjutte kin foar it nije paad dat wol opgien wurdt. De konstruksje is net maatjowend mar de wil fan de bestjoerdersIt kolleezje wol graach besjen oft de Ont wikkelings-NV in geskikte struktuer is foar de gearwurking. It útstel is yndied wat meager, it kolleezje hie graach wat fierder gean wollen. Mar der is gjin tiid mear foar in fierdere útwurking wol de stjoergroep bestjoerlike fernijing op 'e hichte brocht wurde fan it stânpunt fan de stedsgewestgemeenten. Hy is net fan betinken dat Ljouwert de gearwurking trênearret. Ljouwert hat in tal belangen te ferdigenjen. Mar ek de ried fan Ljouwert sil him útsprekken oer ditselde ütstel, dizze testcase. De fraach is oft Ljouwert dit stik oannimme sil as net. Gearwurking mei de West- ergosône kin wier wol wat betsjutte foar de tusken-gemeentlike gearwurking. It liket it kolleezje dochs ferstannich oansluting te sykjen en de relaas je oan te hel jen. Ynteressant yn dit fer- bân is ek dat it stedsgewest ynisjator west hat foar de Wester- gosône. It kolleezje wol mei klam in berop dwaan op de oare stedsgewest gemeenten, yn it bysûnder op Ljouwert om ta dizze gearwurkingsoerienkomst te besluten ta foardiel fan alle gear- wurkjende gemeenten. Mevrouw Aukes zegt dat uit het voorstel blijkt dat de Ontwikke- lings-NV al verder wordt uitgewerkt. Het moet nog maar blijken om deze Ontwikkelings-NV een waardevolle bijdrage zal blijken te zijn. Is het niet mogelijk om naast deze optie een verhaal te leggen over andere vormen van inter-gemeentelijke samenwerking. Het is dan gemakkelijker een keuze te maken. Alleen fixeren op de Ontwikkelings-NV lijkt haar wat smal. N0T1411/0/H/BR0UVERJ/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 7