- 6 - Wethouder Smittenberg zegt dat rente altijd aan de algemene mid delen toevalt. Er is dus geen rentederving voor de post onder houd molens. Mocht het geld onverhoopt niet terug komen dat komt het college met een ander voorstel voor de dekking. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 8. Voorstel tot het nemen van voorbereidingsbesluiten op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Mefrou Veldstra seit dat it net wier is dat de kommisje mei ynstimming réagearre hat. Meardere partijen wiene it net mei alle ûnderdielen iens. Ynstimme mei útstellen docht har fraksje ek net yn de kommisje mar yn de ried. By punt 2 giet it om in illegale steger, dy't ôfbrutsen wurde moast. Der is lykwols in nije oanfraach yntsjinne foar in folie gruttere steger. Sy fynt dit in hiele frjemde sitewaasje dy't ek presedinten skept. Eins is hjir sprake fan ünbehoarlik bestjoer. Har fraksje is dan ek tsjin dit ünderdiel fan it útstel. De hear Oosterhof freget wannear't it bestimmingsplan foar Meinga 2 te ferwachtsjen is. Syn fraksje wol it tariedingsbeslút oangeande it Wetterfront noch efkes oanhâlde om it mei te nimmen by it fêststellen fan de struktuerfisy. De foarsitter giet yn op de taak en it foech fan advyskommisjes. Foar it kolleezje is it advys fan de kommisje tige wichtich by de tarieding fan riedsútstellen. "Ynstimme" betsjut it jaan fan in advys oan it kolleezje. Besluten wurde nommen yn de ried. Wethâlder De Boer seit dat yndied it advys fan de kommisje net goed yn it útstel ferwurde stiet. Kommende moanne oft de moanne dêrnei komt it bestimmingsplan Meinga 2 yn de kommisje oan 'e oarder. Wat it Wetterfront oanbelanget giet it om it ferlengjen fan it tariedingsbeslút fan ferline jier. Yn de kommisje it wiidweidich sprutsen oer it fergrutsjen en fernijen fan de steger yn Jirnsum. As de gemeente konstatearret dat der illegaal boud is is sy ferplichte de eigener in kâns te jaan in bou- oanfraach yn te tsjinjen. Dy bou-oanfraach moat toetst wurde oan it belied. De gemeente kin earst net sizze dat de steger ôfbrut- sen wurde moat. Ek de Raad van State seit dat earderneamde wurkwize brûkt wurde moat. De hear Van der Baan seit dat hy krityk hat op de ütwurking fan it útstel. Yn ien ütstel wurde twa ferskillende soarten besluten oan 'e oarder steld. Hy freget hoe't en wêroan krekt de bou- oanfraach fan de steger toetst wurdt fral omt earder sein is dat it net past yn it belied. It giet hjir wol om in steger fan 80 meter. Hoe is dat krekt te rymjen. Raerd-West is al folboud en it bestimmingsplan moat noch komme. Wannear komme de bestim- mingsplannen eins klear en hokfoar tydslimyt jildt dêrfoar. De hear Oosterhof seit dat de hiele sitewaasje by Jirnsum yn de Boarn dubieus is De hear Van der Baan fynt it dan ek heech tiid dat it ris goed regele wurdt. N0T1411/0/H/BR0UWERJ/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 9