- 8 - De heer Jonkers zegt dat op de vraag welke grond, dure of goedko pe, er nu eerst verkocht gaat worden geen antwoord is gekomen. Ook de vraag naar de rol van de ruilverkaveling is nog niet be antwoord. Er is in het verleden nog wel eens wat fout gegaan in deze gemeente. Ondertussen wordt er al enkele jaren gewerkt aan verbeteringen. Hij heeft de stellige indruk dat er nu een goed kredietbeheer zit bij het grondbedrijf. Nu meteen het ergste te gaan denken bij een risico als dit vindt hij overtrokken en emo tioneel. De hear Van der Meulen tinkt dat dit projekt mei winst ôfsluten wurde kin. Sawol yn finansjele sin as ek dat de gemeente no seis kiest hokfoar bedriuwen der komme. Hy is bliid mei de tasizzing dat der noch in kear praten wurde sil oer de priisdifferins- jaasje. Syn fraksje tinkt dat de ried ek ris ûndernimme doare moat. Sjoen de mooglikheden ta ferkeap is it risiko dat run wurdt wol te oanfurdigjen. Troch net it hiele terrein yn ien kear oan te keapjen wurde ek de eigen, lokale bdriuwen beheind yn harren üntwikkeling. Wethâlder De Boer seit dat de gemeente jmdied ek soarch hat foar de lokale bedriuwen. Se tinkt dat har opmerking oer de greide- winkels út sjm kontekst helle is. It is net sa dat de ûnderhan- nelings begün binne mei de greidewinkels as oanlieding dêrta. Yn de ûnderhannelings is wol praten oer in oankeap yn twa parten, mar dat wie net mooglik. It kolleezje wol krekt as mefrou Aukes sein hat, goed op it húshâldboekje passé. De grûn is benammen nedich foar it fergrutsjen fan de wurkgelegenheid. Dat is net allinne sosjaal hiel wichtich mar it skeelt ek finansjeel yn de útkearings. It terrein sil fasearre oanlein en wierskynlik ek oernommen wurde sadat de bedriuwsfiering fan Bouma gewoan troch- gean kin en de gemeente de grûn krijt as it nedich is. Der moat jmdied wol omsjen wurde om fan te learen, mar der moat ek nei de takomst sjoen wurde. Se is net fan doel ien wurd werom te nimmen fan wat se jm de earste termyn tsjin de hear Van der Baan sein hat. Se fernuvert har deroer dat de hear Van der Baan suver út sit te sjen nei in projektûntwikkelder. Sy is it iens mei de hear Van der Meulen dat de gemeente de saak yn eigen hannen hâlde moat. Der is yn de ruilferkaveling praten oer de ferpleat- sing fan it bedriuw fan Bouma. Sûnt de reorganisaasje fan it grûnbedriuw giet it goed. Ek de ferkeap fan grûn gie it ôfrûne jier hiel goed. De foarsitter reagearret op de opmerking oer de Fryslâncup foar de belestings. Yn de krante is it byld goed delsetten foar de sitewaasje foar minsken mei in eigen wente. Boarnsterhim sit heech yn de beam mei de belestings foar minsken mei in eigen wente. Dat kin lykwols absoluut gjin nijs we foar de ried. It kolleezje hat sein dat hy graach werom wol yn de hichte fan de belestings, mar dan op in duorsume wize. It is ûnterjochte dat in lid fan it kolleezje oansprutsen wurdt op de wurden dy't sy foar de tillevyzje sein hat. It kolleezje stelt fêst dat hy noch gjin antwurd fan de provinsje krigen hat as it giet om de greide winkels. Yn de eksploitaasje is gjin rekken hâlden mei de greide winkels. It hâlden fan sletten gearkomsten heart ek ta de ferant- wurdlikheid fan de gemeenteried. N0T1912/0/H/BR0UWERJ/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 10