- 9 - As guon riedsleden dêr net oan mei dwaan wolle is dat harren eigen ferantwurdlikheid. Dy riedsleden pleatse harrensels büten de oarder fan dy sletten gearkomsten. Dan kin dat betsjutte dat sy net alle ynformaasje hawwe. As de hear Van der Baan op deselde wize syn ynformaasje krigen hat as foarige moanne by de steger yn Jirnsum dan is dat perfoarst net de goede wize. Der moat net op de gong oan amtners frege wurde om ynformaasje. Riedsleden hearre dat oan it kolleezje te freegjen. De finans- jele risiko's binne net te grut. In grutter risiko is de kwali teit fan wat der boud wurdt. It kolleezje wol aanst graach in saldo oerhâlde fan de ferkeap fan de grün. De hear Van der Baan seit dat de foarsitter in sitewaasje bes- kreaun hat dy't besiden de wierheid is. Der is nammentlik, doe't hy yn it lêskeamerke siet, in amtner binnenkaam dy't út eigener beweging alle ynformaasje jün hat. Hy begrypt net dat de foarsit ter seit dat riedsleden net mear nei de amtners meie foar ynfor maasje. De wize wêrop de wethâlder syn fraksje ûnder druk set oangeande it bywenjen fan de sletten gearkomsten stiet him hie lendal net oan. Syn fraksje soarget der seis foar sa goed moog- lik op 'e hichte te wezen. It kolleezje hat lykwols gjin antwurd jün op tal fan fragen fan syn fraksje. Allinne al om dy reden sil syn fraksje net meigean mei it útstel. Mefrou Santema freget oft riedsleden fan no óf net mear nei de amtners, dy't de riedsútstellen tariede, ta meie foar ynfor maasje. Se begrypt dat út de wurden fan de foarsitter. De hear Zijlstra fynt it spitich dat dizze diskusje hjir plak- fynt. Der is ommers in dúdlike óf spraak dat der wol ynformaasje jün wurde mei troch amtners, dy't ferantwurdlik binne foar in útstel. No't dizze diskusje der west is sille amtners harren wol hiel goed betinke oft se noch wol mei riedsleden prate sille. Mevrouw Aukes zegt dat er verschillende vragen niet beantwoord zijn. Zij heeft er naar gevraagd hoe het met de planologie staat. Zij wil graag uitleg over de kennelijke koerswijziging inzake de verkrijging van informatie. De hear Oosterhof seit dat der net in hiel bedriuw ferpleatst wurdt. It giet hjir om it gebou en in part fan it lân. Wethâlder De Boer seit dat it bedriuw yndied grutter is dan de 14 ha dêr't it hjir om giet. Der is earder al in tariedingsbe- slút oer dit terrein nommen. It kolleezje komt sa gau mooglik mei in útwurking op, wierskynlik, bestimmingsplannivo. It wie net de behanneljende amtner dy't de fraksje fan de F.N.P. yn it lêskeamerke ynformaasje jün hat. De ynformaasje wie ek net folslein. De foarsitter seit dat oer dit punt yn novimber in misferstân ûntstien is. De ried kin altiten kontakt sykje mei de beliedsamt- ners. Yn de sitewaasje dat der in sletten gearkomste west is, dêr't ynformaasje jün is, leit it hielendal foar de hân dat de ynformaasje helle wurdt by de beliedsdrager fan it kolleezje. Mevrouw Aukes wil graag haar voorstel in stemming brengen. N0T1912/0/H/BR0UUERJ/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 11