- 2 - Nummer 7: Mefrou Veldstra seit dat har fraksje dizze moasje in dúdlik sinjaal fynt nei it Ryk ta as alle gemeenten dizze moasje stypje. Sy trunet der dan ek op oan dat de moasje troch Boarn- sterhim stipe wurdt. It is net sa dat dizze moasje ús fan de plicht üntslacht de meast geunstige maatregels foar de minima te nimmen. Se freget hoefier it kolleezje is mei de útfiering fan de Minimanota. Wethâlder De Boer seit dat it kolleezje dizze moasje net stipet. It kolleezje fielt mear foar de útfiering fan de "Armoedenotitie" as dy bekind is en tinkt dat dat in bettere wei is. Nummer 3: De hear Van der Baan seit dat syn fraksje graach yn de kommisje oer dit stik prate wol. Benammen wat it aspekt privatisearing oanbelanget. De foarsitter seit dat it kolleezje net fan doel is hiele dras- tyske maatregels te nimmen. It is noch ôfwachtsjen wêr't de stjoergroep "bestuurlijke vernieuwing" aanst mei komt as it giet om privatisearing. De yntinsjes fan it kolleezje binne wol bekind. Nummer 5: De hear Van der Baan seit dat somtiden hiele ienfâldige en goed- keape middels handikapten helpe kinne harrensels goed te réden. Dér moat dan fansels wol goed om tocht wurde by nije plannen en de belutsen amtners moatte ek fan it kolleezje opdracht krije dér rekken mei te hélden. De foarsitter seit dat de meiwurkers in opdracht krigen hawwe oangeande de foarsjennings foar handikapten. De handikapten yn ús gemeente binne yn tanimmende mate bliid mei de maatregels dy't troffen wurde. De hear Van der Baan seit dat der folie mear handikaps binne as it min op de gong wezen. Hy freget omtinken ek foar oare groepen fan handikapten. De foarsitter seit dat, foar safier as mooglik is, der omtinken foar alle handikapten wêze sil en dat der stribbe wurde sil nei in fierdergeande ferbettering. Nummer 6: De hear Van der Baan fernuvert him deroer dat dit brief, in útgeand stik fan it kolleezje, op 'e list fan ynkommen stikken kommen is. It brief is no dus iepenbier wurden en syn fraksje sil dan ek, yn it iepenbier, skriftlik reagearje. De foarsitter seit dat dit sa regele is yn it reglemint fan oarder. As de hear Van der Baan der wat fan sizze wol is it no it momint om dat te dwaan yn dizze iepenbiere gearkomste. Nummer 17: Mefrou Santema freget yn hoefier it kolleezje mei de ûnderhan- nelings oan 'e gong west hat. N0T1912/0/H/BR0UWERJ/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 4