- 3 - De hear Van den Berg freget wat it kolleezje krekt dwaan giet. Der is in protte betizing. Dêr moat ynkoarten wol wat oan dien wurde. De hear Van der Baan wol dit stik yn de kommisje behannelje. Dit brief lit sjen dat de ôfhanneling fan dizze privatisearing net op in goede wize plakfynt. De foarsitter seit dat der yn jannewaris in petear mei de Stich ting F.S.B. i.o. wêze sil. Hy seit ta dat it brief yn de kom misje behannele wurde sil. Nummers 14 tot en met 16: De hear Van der Baan wol graach dat dizze brieven yn de kommisje behannele wurde sjoen de prinsipjele kanten dy't hjir oan fêst sitte. It WVG-jild is bestimd foar individuele minsken en net foar groeperings. De foarsitter seit dat guon organisaasjes tinke dat de WVG-grab- belton iepen gien is. It kolleezje is it iens mei de hear Van der Baan as it giet om de doelstelling fan de WVG en wol net de yndruk wekke dat der aanst in protte jild weijûn wurde sil op basis fan ditsoarte brieven. Yn de kommisje sil praten wurde oer dizze brieven tsjin de achtergrûn fan de sinjalen dy't oer de WVG-jilden nei bûten gien binne. Wethouder Van den Berg neemt plaats achter de collegetafel. De foarsitter dielt mei dat Deputearre Steaten by brief fan 4 desimber 1995 de begrutting goedkart hat. 3. Mededelingen. De mededelingen worden voor kennisgeving aangenomen. 3A. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet groot f 2.100.000.00 ten behoeve van de aankoop boerderij en landerij en van 0. Bouma te Grou in verband met uitbreiding Biensma. De hear Zijlstra tinkt dat der wol it ien en oar út te lizzen is oer de oankeap fan dizze grûn. De ried is rom yn de gelegenheid west him op 'e hichte te stellen. Om de ried achter dit útstel te krijen is ek wol wat nedich. Ommers by de begruttingsbehan- neling is sein dat de gemeente har beheine moat yn it plannen meitsjen. Grutte yndustryen soene nei it Hearrenfean as Ljouwert moatte. En dan leit dit útstel op 'e tafel. Syn fraksje hat allegear fragen: is it wol nedich, kin it ek de helte fan it terrein wêze, hoefolle terreinen binne der noch op foarrie, is it net te djoer. Last but not least: wat is it risiko dat de ried nimt en wat litte we lizze as der nee tsjin it útstel sein wurdt? Yn elts gefal de oanfraach foar 7 ha grûn. Twa ündernim- mers geane dan nei in oar plak. Der is noch 2 ha yn foarried, mar ferspraat oer ferskillende lokaasjes. Bliuwt oer de kar: sille we it dwaan as net. Wat is wurk ús wurdich. Net alles mar wol hiel wat. Syn fraksje tinkt dat it risiko drügen wurde kin en stimt dêrom yn mei it útstel. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie het een goede zaak vindt dat er wordt nagedacht over een mogelijke uitbreiding van het indus trieterrein in Grou. Het ligt voor de hand dat de uitbreiding aansluit bij het huidige terrein Biensma. N0T1912/0/H/BR0UWERJ/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 5