- 5 - De hear Van der Baan seit dat syn fraksje wol foar de oanlis fan nij bedriuwenterrein is, sjoen yn it ljocht fan de befoardering fan de wurkgelegenheid. De oankeap fan grûn by Grou kin ek rjochte op de takomst in goede kar wêze. De fraach lykwols is wêr de útwreiding komme moat, hoefolle grûn der ferantwurde oankocht wurde kin en hoefolle wurkgelegenheid dat dan opsmyt. Snoek woe 4 ha grûn foar ütwreiding fan syn bedriuw. Hy keapet dat lykwols net rjochtstreeks fan syn buorman, mar freget bemid deling fan de gemeente. Dy ütwreiding kin mooglik 20 banen opsmite. Oant sa fier is syn fraksje wol akkoart. Mar moat der njonken dy 4 ha noch mear grûn oankocht wurde? Der leit noch 7 ha kompensaasjegrûn yn de ruilferkaveling, deun by de nije pleats fan Bouma. Dus soe 3 ha ekstra, boppe de niisneamde 4 ha, noch wol kocht wurde kinne. Der leit ek noch sa'n 4 ha op it âlde Biensma op foarried. Oer de léste 6 jier is der gemiddeld 1,2 ha ferkocht. Dus soene we mei dizze 7 ha sa'n 6 jier foarüt kinne. Hy wol noch in ferliking meitsje mei de ünderfining yn it âlde Biensma. Dér is jierliks gemiddeld foar 6 ton grûn ferkocht, mei in gemiddelde opbringst fan f 50,00 de kante meter. De léste jierren sakket de priis lykwols ûnder de f 50,00. Op it nije terrein sil jierliks foar f 965.000,00 ferkocht wurde moatte. Dat betsjut dat der aanst dus 60 mear oan grûn ferkocht wurde moat. Sjoen de konkurrinsje fan oare bedriuwenterreinen om Grou hinne sil dy priis min te hel jen wêze. Syn fraksje hat noch inkelde fragen. Hoefolle wurkplakken komme der by. Ut de direkte omjouwing fan Grou as út de regio wei. De bûtenrâne fan Biensma is yndertiid as sichtlokaasje ferkocht. No komt der noch in bûtenrâne omhinne. Dêrtroch reitsje de eardere bedriuwen harren sichtlokaasje kwyt. Geane dy bedriuwen mei dizze ütwreiding akkoart en komme der gjin skeakleems. Hy wol ek graach witte oft de provinsje ynstimt mei dit plan. Neffens it kolleezje is der belangstelling foar de helte fan it nije Biensma. Dat as argu- mint brûke kin allinne mar as it kolleezje de nammen neamt fan de belangstellende bedriuwen. Hy freget oft it kolleezje ree is dy nammen te neamen. De ûntwikkeling fan in struktuerplan foar dit gebiet soe seker moatte. Der üntstiet betizing troch de op merkingen fan de wethâlder oer de greidewinkels. Binne dy greide- winkels ja dan nee noch aktueel? De gemeente Boarnsterhim hat de mooglikheid net mear om finansjele risiko's te nimmen en moat hoeden omgean mei it jild. Dit plan hat tefolle risiko's yn him. Dêrmei komme oare gemeentlike taken as ûnderwiis, sport, handi- kaptensoarch, sosjale saken ensafuorthinne yn it gedrang. De gemeente hat de Fryslâncup al wat de hichte fan de belestings oanbelanget en syn fraksje hat der wat dit oanbelanget gjin ferlet fan mei te dwaan oan de Europacup-wedstriiden. Syn fraksje fynt is net ferantwurde mei it ütstel akkoart te gean. Hy wol graach in reaksje fan it kolleezje op it ütstel fan de V.V.D. De heer Jonkers zegt dat er in een aantal sessies al veel vragen zijn gesteld. Er zijn ook al veel antwoorden gegeven. De gemeen te wil wat, de gemeente moet wat. De keus die nu gemaakt wordt is of de gemeente al dan niet 14 ha grond gaat kopen. De vraag wat er gebeurt als niet tot aankoop over wordt gegaan blijft. De kans is levensgroot aanwezig dat de grond dan gekocht wordt door een projektontwikkelaar, die daar dan veel winst wil maken. Zijn fractie is in principe wel akkoord met deze aankoop. Het risico is weloverwogen. Als je geen risico wilt nemen kan er niets meer gedaan worden. N0T1912/0/H/BR0UWERJ/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 7