- 6 - Nog enkele aanvullende vragen. Er wordt gesproken over een gemid delde prijs van f 57,00 per m2. Wat wordt er nu verkocht de eer ste 2 jaar: goedkope of dure grond. De apparaatskosten ziet hij graag versleuteld in het programma. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje posityf is oer it foarnimmen ta oankeap fan dizze grûn. Dit kin in goede ûntwik- keling wêze foar de bedriuwichheid yn ús gemeente. Dizze 14 ha lizze op ien fan de moaiste sichtlokaasjes yn Fryslân. En be- driuwen wolle graach op sa'n sichtlokaasje sitte. Foar de earste 2 jier lykje de foarútsichten tige posityf. Dêrmei wurdt al oanjün dat it ferantwurde is sa'n grut stik grûn yn ien kear oan te keapjen. It stik grûn moat, sa hat it kolleezje sein, yn ien kear oankocht wurde oars giet it net troch. En oars soe in projektûntwikkelder wolris de winst opstrike kinne. Dizze oankeap kin ek in positive ympuls foar it grûnbedriuw wêze. Der wurdt in risiko nommen mar syn fraksje tinkt dat it in ferant wurde risiko is. Sadwaande kin de wurkgelegenheid yn ús gemeente ek wer ris posityf yn it nijs komme. Syn fraksje fynt wol dat der hiel soarchfâldich mei de ferkeap fan sichtlokaasjes omgien wurde moat. Dus net oan de earste de beste ferkeapje. Wethâlder De Boer seit dat de wurden fan de hearen Jonkers en Van der Meulen har út it hert grepen binne. De ried hat sein syn bést te dwaan foar de wurkgelegenheid. Dit útstel komt dêr út fuort. Neist it feit dat der oanslutend oan Biensma in moai grut stik grûn kocht wurde kin is it ek sa dat mei dizze oankeap it bedriuw fan Bouma ferpleatst wurde kin. Dat is foar de bedriuws- fiering fan Bouma hiel wichtich. Om de ferpleatsing sa optimaal mooglik ferrinne te litten hat de hear Bouma sein dat hy de grûn yn ien kear ferkeapje wol. It terrein sil wol yn parten bouryp makke wurde. Der is in hiel foarsichtige opset makke fan dizze oankeap. It risiko is dêrtroch sa beheind mooglik. As de earste 7 ha flot ferkocht wurdt wurde de rintelesten foar de oare jier- ren allinne mar leger. De eksploitaasje kin minimaal budzjetêr neutraal ferrinne. Der is noch in lytse 2 ha op Biensma, mar dat is net ien grut stik. It kolleezje fynt it tige wichtich dat ek foar de eigen bedriuwen út de gemeente wei plak bliuwt om út te wreidzjen. It kolleezje wachtet noch hyltiten op it antwurd fan de provinsje oangeande de greidewinkels. Greidewinkels binne net meinommen yn de eksploitaasje-opset. Der is in wurkoerlis mei Deputearre Jansen west. Dy fûn dit in logyske útwreiding en in passend ferhaal. De priis fan f 57,00 is in gemiddelde priis eksklusyf. Bedriuwen rekkenje altiten mei in priis eksklusyf B.T.W. It kolleezje komt noch by de ried mei in eksploitaasje- opset. Dêr kin dan ek oer de priis (differinsjaasje) praten wurde. It kolleezje sil no gjin nammen fan'e gadingmakkers neame. It is spitich dat de hear Van der Baan net yn de kom- misjegearkomste wie, dan hie der wiidweidich oer de sifers dy't hy neamde, praten wurde kinnen. Ynformaasje is lykwols altiten ek letter te krijen. By it net oankeapjen is it risiko grutter dat in projektüntwikkelder der yn stapt. Troch it seis te dwaan kin de ried de finger goed oan de pols hâlde. De hear Zijlstra seit dat it wol aardich is ek ris út te sykjen wa't de Fryslâncup krijt foar minsken dy't gjin eigen hûs hawwe. It oersjoch yn de krante hie nammentlik betrekking op minsken mei in eigen hûs. Hy freget him of wat no krekt de argumintaasje fan de V.V.D. is om net yn te stimmen mei dizze oankeap. N0T1912/0/H/BR0UUERJ/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 8