- 7 - Soe it kinne dat der nee sein wurdt om letter as it miskien mis gien is te sizzen dat men der al foar warskôge hat? En as it wol goed giet hearre jo ommers neat mear. Syn fraksje fynt dat it kolleezje de goede antwurden jûn hat. Risiko's hearre by it libben. It risiko dat der no ûntstiet kin drûgen wurde troch it grûnbedriuw. Mevrouw Aukes zegt dat ook haar fractie de werkgelegenheid hoog in het vaandel heeft. Haar fractie kan begrip opbrengen voor de eigenaar die de grond in één keer wil verkopen. De raad moet echter het belang van de burgers in het oog houden. Haar fractie is bang dat deze aankoop zal leiden tot een verhoging van de belastingdruk voor de burgers. Er is niets mis mee dat het colle ge in de onderhandelingen duidelijk maakt dat het in het belang van de gemeente is dat er eerst maar de helft van de grond kan worden aangekocht. De werkelijkheid, zo is keer op keer geble ken, viel altijd tegen. Volgens haar heeft de wethouder wel ge zegd dat de weidewinkels in de afweging om 14 ha te kopen hebben meegespeeld. Was dat niet het geval geweest dan had het college ook wel de helft van de grond kunnen aankopen. Haar fractie vindt het een dooddoener te zeggen dat als we niets doen er ook niets gebeurt. Ook projektontwikkelaars zullen zich aan de plano logische regels, die de gemeente opstelt, moeten houden. Er moet wel gauw een structuurschets komen om de planologische kaders vast te leggen. Het spijt haar fractie zeer dat het college niet mee wil gaan met het verzoek van de V.V.D.-fractie. De hear Van den Berg seit dat der twa ferhalen, dat fan it kolleezje en dat fan de V.V.D. oan'e oarder binne, beide fan út it gemeentlik belang wei. It giet neffens him om de kar oft de gemeente mei dizze oankeap in ferantwurde risiko nimt. De fraach oft de grûn ek fasearre oankocht wurde kin is foldwaande beant- wurde. Hy hat begrepen dat der wol in fasearre oanlis wêze sil. De skiednis makket dochs wol wat eangstich. Doedestiids wiene der oare minsken dy't in kar meitsje moasten. It giet lykwols om de kar dy't no makke wurde moat. As der neat dien wurdt kin de gemeente net mear oan de fraach nei grûn foldwaan. Sjoen hoe't de saken der foar lizze en sjoen de antwurden fan it kolleezje kin syn fraksje ynstimme mei dit útstel. De hear Van der Baan seit dat guon minsken skynber miene dat it net it demokratyske rjocht is fan in fraksje om net oan sletten gearkomsten mei te dwaan. Syn fraksje hat, sa as bekind, grutte beswieren tsjin sletten gearkomsten. Oant no ta hat hy yn dit gefal ek gjin inkelde reden sjoen ta sletten gearkomsten. Syn fraksje wol de demokrasy iepen hâlde. Dat kin wolris op kosten gean fan wat, mar dat is de priis dy't syn fraksje graach betel je wol. Hy nimt it de wethâlder tige kwea óf dat sy syn fraksje suver op diktatoriale wize twinge wol ta it bywenjen fan sletten gearkomsten. De wethâlder kin der fan op oan dat syn fraksje him goed op de hichte stelt. De sifers en de oare ynfor- maasje hat hy op it gemeentekantoar krigen. Op de fragen dy't hy steld hat is nauliks antwurd kommen. De saak is blykber foarbakt yn de sletten gearkomsten. Hy soe projektûntwikkelders, as se al op dizze saak ôfkomme soene, graach de kâns jaan om dit ta ünt- wikkeling te bringen. De gemeente hat wol de mooglikheden om dy yn de stringen te hâlden. N0T1912/0/H/BR0UWERJ/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 9