- 8 - Hat it kolleezje de plannen fan greidewinkels loslitten of giet it kolleezje sa't de geroften wolle noch altiten troch mei dy plannen? Wy soene der hjoed graach in antwurd op hearre. Noch inkelde saken, dy't neffens de F.N.P. oandacht hawwe moatte. Foat;. de handikapten bestiet nei ús idee te min gefoel. Dat blykt út de Wvg-jilden. Dat is jild dat it Ryk oan ús gemeen te jün hat om út te kearen oan de handikapten. It is in temjitte kommen yn de kosten foar harren foarsjennings dy't nedich binne om harren rede te kinnen (needsaaklik dus). In grutte kategory is ôfhinklik fan apart ferfier. Troch fermindering fan de reis- kostenfergoeding binne in soad fan harren noch wer mear isolearre yn de maatskippijUnderhân sil it skrale belied dat ús gemeente fiert, lade ta in oerskot op de Wvg-jilden fan f 1.128.339,00. Dat is jild dat bestimd is foar it fersêftsjen fan harren noeden. Dêr komme wy net oan ta dus. No stelt it kolleezje út om de rinte fan dat jild f 56.000,00, dus jild dat de handikapten takomt, te brûken om it wjerstânsfermogen fan de gemeente op te bouwen. Wy hawwe gjin goed wurd oer foar sok belied, of is it dochs sa gek noch net. Ik haw ris ferskate posten neirûn. Autokostenfergoeding boargemaster f 6.000,00, reiskosten gemeen- tebestjoer f 7.500,00, abonnemintskosten ensafuorthinne. As we op deselde wize dit soarte posten behannelje soene as de Wvg- jild dan is der noch hiel wat te betinken. Wy komme dêrom mei in moasje om de jilden oan de handikapten te besteegjen troch yn it foarste plak de eigen bijdrage yn de needsaaklike foarsjennings fan de gehandikapten ferfalle te litten. Dêrmei komme jo tefoaren dat 30% fan harren op iten besuniget. Dêrnjonken heart it jild dat oerbliuwt earmerke te wurden Tekst fan 'e moasje: de ried fan Boarnsterhim yn gearkomste byinoar op 13 novimber 1995, hat him dwaande hâlden mei de bestimming fan de Wvg-jilden: hy nimt yn it omtinken dat dy jilden bestimd binne foar yndividuele finansjele stipe oan handikapten foar foarsjen nings en ferfier; dat dy jilden dêrom net op oare wize brûkt hearre te wurden; draacht it kolleezje op om dy jilden alhiel te besteegjen oan dy soarch en dy jilden te earmerken foar dat doel en giet oer ta de oarder fan de dei. De ferheging fan legeskosten foar abonnemintenhâlders foar riedstikken hat syn útwurking net mist. Tal fan ús leden hawwe harren abonnemint al opsein, mei de nije ferheging sil dat tal noch tanimme. Boppedat freegje se harren óf wêrom hja in abonnemint nimme sille meidat der minder ynformaasje jün wurdt by de útstellen as earder it gefal. Minder ynteresse foar de polityk is it gefolch. De minima, dy't ek ta ús efterban hearre, komme alhiel net mear oan in abonnemint ta. Wy stelle út de riedstikken fergees beskik- ber te stellen. Ferheging fan de ûnreplik-guod-belêsting hat ús ynstimming nett No't der f 201.957,00 mear opbringsten binne, troch in taname fan de wenten, fiele wy alhiel neat foar in ferheging. De moti- vaasje wurdt ek net jün. Allinne dat jim nochris f 160.000,00 ekstra fange woene, wylst der insidenteel yn 1995 ek nochris f 160.000,00 frijkomt. Wy tinke dat dizze ferheging dus net plakfine moat. De ferheging fan de begraaf r joch ten stimme wy net mei yn, omdat wy fine dat soks alhiel in taak fan de mienskip is. Oangeande de ôffalstoffenheffing kinne wy it útstel fan de V.V.D. stypje. N0T1311/0/H/BR0UWERJ/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 10