- 16 - De hear Zijlstra seit: Foarsitter Sa healwei de rit is it ris goed om wat saken bylâns te rinnen. Wy binne ûtein set mei in tal kearn-taken, lykas in gaadlik plak foar üs ynwenners om te wenjen en wenten op maat. Us folkshüsfes- tingsplan is" dêr in goede oanset ta. Oan't no ta hawwe wy dizze twa saken noch gjin geweld oan dien, men wol hjir noch graach wenje en rekreëare. Wy binne lykwols fan betinken dat wy hoeden omgean moatte mei al te rigoreuze yngrepen yn üs wenkrite. Dat de earste opset fan it wetterfront Grou nochris goed op'e hel ling west hat, is dêr in foarbyld fan. Sa as de plannen der no lizze liket it aardich better, alhoewol itjinge dat üs levere is foar it jild, dat wy dêrfoar beskikber steld hawwe, noch wolris bepraat wurde mei. Ferline jier is üs tasein, dat de saken wêr't wy mei dwaande wiene earst mar ris ôfmakke wurde soene en dat wy net tefolle nije saken op priemmen sette soenen. No, dat hat der wol oan. Us wenkrite hat ek te meitsjen mei: "Fiele wy üs thüs yn üs 18 doarpen", dy't meiinoar üs gemeente foarmje. De doarpsfernijing binne wy goed mei oan de gong. Aldeboarn, Jirnsum, Warten en Raerd kinne besjen lije. Wergea wurdt hurd oan wurke Grou en Akkrum lizze op'e tafel. It jout de doarpen it gefoel fan: der wurdt wat dien, wy hearre der ek by. Dat de bestimmingsplannen, ek foar de lytsere doarpen lykas yn de Legeaen romte jouwe om te bouwen, moat wol honoreard wurde kinne as der fraach is. It moat net sa komme dat de grutte projekten yn Akkrum en Grou de bou op de lytsere doarpen op slot sette. Hoe tinke jimme hjir mei om te gean? It is no hast twa jier lyn dat Reduzum út ein set is mei doarpsbehear. In menier, wêrop üs doarpen seis mei prate kinne oer harren ynrjochting en takomst. Wy binne tige nijsgjirrich nei de resultaten hjirfan. Is de tagonkelikheid fan üs fersjenningslykas biblioteek, sport, ferfier, ensafuorthinnewol sa as wy tasein hawwe, of dogge wy just it tsjinstelde mei üs ütgongspunten fan: de brûker betellet en it moat kostendekkend wêze? Wurdt it ek tiid, dat wy üssels de spegel ris foarhâlde moatte, om te sjen as wy ek tefier trochsjitte? Fan dêr dat wy komme mei in amendemint, wêryn wy in stikje düdlikheid freegje foar üs minima oangeande de mooglikheid om dochs oan it maatskiplik libben mei te dwaan, omt hja al sa folie misse moatte. De mooglikheden om üs yn te setten foar oplieding en üntwik- keling binne foar üs gemeente beheind tusken de fjouwer kearaen Ljouwert, Snits, It Fean en Drachten. De steun oan Foarwurk mei syn ûnderwiis op maat foar minsken dy't graach wer oan'e slach wolle, is in wichtige saak. De ynset foar alles wat der op üs basisûnderwiis ôfkomt mei wol wat mear oandacht fan üs hawwe. In breed petear dêroer mei belutsenen om te kommen ta in rjochting- jouwend belied kin net langer wachtsje! It fuortset ûnderwiis yn üs gemeente moatte wy kûsterje. Wurk stiet heech yn üs findel, mat it bliuwt in kreet as wy de djippere bets jutting fan wurk, foar elts minske en foar üs maatskippij net fierder ütwurkje. Elts minske wol meitelle yn'e mienskip om him hinne en dêroan meidwaan op syn nivo en nei syn kinnen. Dêrfoar freget er werkenning en in beleaning. Meinammen üs jongerein wol bouwe oan in takomst, oan in mienskip, wêryn plak foar harren is en in mienskip dy't harren nedich hat. It hjoeddeistige fernuft fan'e technyk mei syn masjines, kompjûters en rationaliteit set alsmar mear minsken oan'e dyk. De easken oan'e wurkers wurde alsmar heger. Dizze twa eleminten, wurk foar eltsenien en de üntwikkeling fan de technyk, botse. N0T1311/0/H/BR0UWERJ/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 18