- 17 - Wy as gemeente kinne dit net allinne oplosse, it is in Frysk, sa net in Nederlânsk probleem. Dat wy üs hjir dochs foar ynsette mei üs minimabelied en it stypjen fan'e bedriuwichheid yn üs gemeente is in wichtige saak. De ynspanning om 30 wurkleazen it jier oan wurk te helpen yn gearwurkin mei it arbeidsburo, hâlde wy jimme oan en de ütkomst wolle wy graach nei in jier fan jimme fernimme. It oanheljen fan nije bedriuwichheid yn üs gemeente is wichtich, as wy hjirby mar net üt it each ferlieze, dat wy de sterke pun ten lykas rekréaasje, lânbou, natuer en noflik wenjen dêrtroch gjin geweld oandogge. Ynvestearje yn de jongerein, yn'e foarm fan stypjen fan jeugdka- der op in breed terrein fan sneinskoalle oan't jongereinwurker en sportkader sil üs oandacht nedich hawwe, wolle wy de rekken, dat wol sizze de skea beheine, dan wurdt it tiid der ris mei alle groeperings om'e tafel sitten te gean, dy't harren dwaande hâ1de mei üs jongerein. Hoe tinke jimme dêroer? In sûn miljeu hie twa jier lyn in protte oandacht, it sakket no wat del, mar hat lannelik wol lied ta skerpere wetten. Us boeren hawwe it der dreech mei, benammen mei it dongbelied. Tink mar oan it silodek. It muoit üs, dat südelike noarmen üs féboeren yn harren bedriuwsfiering behinderje. De smoarge wetterboaiems lizze üs swier op'e mage, lokkich is der wat jild kaam om it fersmoarge Storkterrein oan te pakken. Wy sitte op it goede spoar. Mear oandacht foar miljeubewust bouwen, soe üs wolkom wêze. De ütfiering fan it mearjierrige wegenplan wurdt merkber, de klachten rinne werom en beheine harren ta glinsterjend beton en de fraach om wite strepen. De oanliz fan in fytspaad fan Wergea nei Grou binne wy bliid mei, krekt sa as mei it omtinken oan de krusing fan wegen by Poppenwier. De soarch foar üs gasten út lannen dêr't harren libben op it spul stiet, kin yn üs eagen besjen lije. De nije fjildmeiwurker docht goed wurk foar harren, de frijwilligers fan flechtelingen- wurk wolle wy priisgjel It oerlis tusken üs apparaat en dizze groep freget trochrinnend oandacht om in goede gearwurking te behâlden Ienris hawwe wy wat dien mei freonskipsbannen yn Tsjechië, wurdt it ek ris tiid om de ferbining wer op de kalifateren? Wy hawwe hjirfoar dochs in wurkgroep? Hoe stiet it dêr mei? Om al dizze saken ek finansjeel mooglik te meitsjen is in goed belied ynset, mei in düdlike kosten/baten analize en it yn'e hân hâlden fan tsjinfallersIn slutende begrutting, dy't romte jout foar nij belied is hjirfan it resultaat. Wy sille de finger oan de pols hâlde moatte, wolle wy üs boargers net swierder belêste dan as no al it gefal is. De opslach foar ien kear op'e rioelbelesting om de slimste knyppunten oan te pakken, soene wy leaver oer twa jier ütsmard hawwe. Lokkich kinne wy de ôffalheffing ferleegje. De easken, dy't wy stellen oan üs ambtlik aparaat binne heech, faaks ek te heech, as wy sjogge nei it syktefersom? As wy fer nimme, dat der wurknimmers binne dy't yn tsjien moanne harren jiertaak der al opsitten hawwe? It wurdt tiid, dat de nije opset fan it apparaat mei syn trije ôfdielings syn beslach kriget. Wy ferwachtsje fan it kolleezje, dat hja har dit jier ekstra ynsette sil om bynammen de wurkdruk op te fangen en it wurkkli- maat te ferbetterjen. N0T1311/0/H/BR0UWERJ/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 19