- 19 - En sjoen de útgongspunten fan de ried moat der ek in soad barre: Wetterfront Grou, bestimmingspan bütengebiet, plak foar de wentebou, nije bedriuwen, neitinke oer natuerûntwikkeling, bestjoerlike fernijing en in PM-kanaalplan. Minsken yn Boarnster- him hawwe der ek wol begryp foar dat der in soad barre moat. Fansels moat dat hoeden barre en moat der net ien foar it blok sette. Minsken hawwe gjin gefoel en hoege dat ek net te hawwen, foar in achterstânsitewaasje yn de organisaasje. Dat is it pro bleem fan it bestjoer en dêr, yntern, leit ek de prioriteit. De presintaasje fan de gemeente sil wol ferbettere wurde moatte. De kaders fan wêrbinnen it neitinken him ôfspilet, sille oanjûn wurde moatte. De timing sil better om tocht wurde moatte en der sil mear omtinken wêze moatte foar it strategysk tinken. It kolleezje wol dêr de kommende perioade graach it aksint op lizze. Der wurdt frege om de ferbetteringen yn de amtlike organisaasje sichtber te meitsjen. Ek ferline jier is al sein dat ferbet teringen tiid kostje. As de gong nei ûnderen bygelyks 4 jier duorre hat sil de gong nei boppen ta ek 4 jier duorje. Yn syn algemienens binne klachten nea te foaren te kommen. Der sille ek altiten minsken bliuwe dy't it net iens binne mei be paalde beslissingen. Hy freget oan de ried wol mei dy klachten te kommen en dy net op te sparjen. Dan wat oer de easken dy't it kolleezje stelt oan syn mei- wurkers. De tiid freget dat der oare dingen oan'e amtners frege wurde dan in pear jier ferlyn. Dêrfoar is it by-oplieden fan amtners tige wichtich. It pakket fan tsjinsten dat oan 'e boar- gers oanbean wurde kin is lykwols foldwaande en wat dat oanbelan- get wurde der net te hege easken oan 'e meiwurkers steld. It syktefersom is troch de bank nommen net heech. Inkelde insi- dentele langduorjende syktegefallen driuwe is syktefersomsifer foars omheech. It kolleezje is ree om yn de kommisje, achter sletten doarren, mei de ried dêroer te praten. It kolleezje wol graach brede stipe hawwe foar de ütstellen dy't oan de ried foarlein wurde. Dat kostet somtiden tiid. Hy liuwt wol dat de leden fan it kolleezje altiten besykje goed te hark- jen. De hear Jonkers neamt yn dit ferbân it moerasplan. It kol leezje fynt dat der net roppen en raasd wurde moat mar it stân- punt fan de gemeente moat dúdlik by de provinsje dellein wurde. Dat betsjut dus wolris stille diplomasy. Foar it saaklik fergaderjen binne al in tal yngrediënten oan- wêzich sa as goede dossiers, goede útstellen, goede foarsitters en saakkundige portefúljehâldersEk it heldere, saaklike betooch fan de kommisjeleden is nedich. It kolleezje hat beslet- ten de tarieding foar de kommisjegearkomsten fierder te ynten- sivearjen. Mei yngong fan 1996 komme der oarssoartige útstellen op tafel. De presintaasje fan dy ütstellen sil feroare wurde. It liket wat raar dat de portefüljeferdieling koart achter elkoar 2 kear feroare is. Hy wol folstean mei dat it pragmatyske oerwagings wiene dy't dêr de oarsaak fan wiene. Sletten byienkomsten binne yn 'e regel in útsûndering, mar se hearre wol by it wêzen fan in ried. As it bygelyks giet oer minsken sil him dat net liene foar de iepenbierheid. Dat part fan de ferantwurdlikheid fan de ried moat wol nommen wurde. Der wurdt yn Boarnsterhim net folie achter sletten doarren praten en it kolleezje jout ek altiten oan wêr dan oer praten wurdt. It idee om mear te oerlizzen mei de fraksjefoarsitters is earder ôfwiisd troch de ried. Der is miskien oanlieding om dêr nochris op 'e nij oer te praten. N0T1311/0/H/BR0UWERJ19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 20