- 27 - De foarsitter seit dat de ried fan it kolleezje witte moat dat as net yngien wurdt op winsken it kolleezje dat docht op grün fan arguminten. Troch arguminten oan te fieren wurdt besocht de stipe fan de ried te krijen. De ried, mar ek ien riedslid, kin altiten by it kolleezje telâne mei klachten fan boargers. It kolleezje wol, wat de belestingtariven oanbelanget oan op in duorsum belied. In nei ûnderen geande line it leafst. It útstel fan de V.V.D. is wol sympatyk, mar de fermindering fan ûnfoar- sjoen dy't dêr yn neamd wurdt kin it kolleezje net mei ynstimme. As it bedrach de ynwenner werombrocht wurdt nei f 3,50 dan is hy bang dat der net foldwaande romte oerbliuwt foar ienmalige saken. De oanslach foar de Gasunie is de doar út mar noch net betelle. Dêrtroch komt der ek gjin ekstra jild. It is krekt sa dat dat jild no noch mist wurdt. "Boarnsterhim yn petear" is goed slagge. De tradisjonele ynspraak is, sa tinkt it kolleezje, net altiten foldwaande. Der moat mei de boargers praten wurde oer de saken dy't harren op it hert lizze, ek oer saken dêr't de útkomst noch net fan bekind is. It kolleezje wol gjin blokkade opsmite foar in fraksjefoarsit- tersoerlis. It kolleezje wol graach yn harmony mei de ried kom- muniseare om sa de goede dingen te dwaan. As in fraksjefoarsit- tersoerlis ta dat doel liede kin is it kolleezje ree mei te dwaan. De riedsstikken fergees beskikber stelle giet it kolleezje te fier, alhoewol't de arguminten fan de hear Van der Baan wol be grepen wurde. Miskien is der yn it minimabelied noch wat mei te dwaan. Der kin wol praten wurde oer it pakket dat beskikber steld wurdt, bygelyks it taryf fan f 50,00 foar it ôfheljen fan de riedsstikken en it feit dat de begruttingsstikken der no net byhearre Fansels is iepenbierheid fan bestjoer de line. Somtiden is it lykwols nedich achter sletten doarren te praten as it oer minsken giet as strategyske risiko's dêr't in protte jild mei anneks is. As it "wygefoel" fan ried en kolleezje fersterke wurde kin troch der goed meielkoar oer te praten is dat in goede saak. Krekt sa as dat it goed is dat de ried it kolleezje kritysk folget. Yn de kommisje sil wiidweidich stilstien wurde by it ferbetter- proses fan de amtlike organisaasje en it tiidskema dat dêrby heart. Der moat lykwols wol betocht wurde dat de amtlike orga nisaasje hyltiten yn beweging bliuwt. It kolleezje is ree alle ynformaasje oer it syktefersom te jaan. Dat de outplacementregeling mar in beheinde wearde hat sa as de hear Jonkers sei, is sa ynjün troch de V.N.G. De suggestje foar in klachtenline wurdt net oernommen. It kol leezje hat it gefoel dat de minsken ek sa de wei wol witte. Yn it ramt fan it kommunikaasjebelied sil wol by de klachtenôfhan- neling stilstien wurde. Miskien kin der troch de ynskeakeling fan in "lokale tredde" ek noch in stik neutraliteit yn brocht wurde. De riolearing fan it bûtengebiet sil ek meinommen wurde yn de rioleringsplannen. Soks kostet lykwols in hiel protte jild en it kolleezje is der noch net út hoe't dat betelle wurde moat. In soad gemeenten sitte mei deselde handikap. Mei de provinsje en mei de wetterskippen sil praten wurde moatte hokfoar oplossing der keazen wurde sil. N0T13U/0/H/BR0UWERJ/27

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 28