- 38 - De foarsitter seit dat it kloppet dat de oplossing foar de Prin- sessebuurt net de definitive is. It gemeentlik riolearingsplan hâldt ek de riolearing fan it bütengebiet yn. Sa as bekind is dat léste in hiel grut probleem. Oer dizze problematyk sil nochris yn de kommisje praten wurde. Hy seit ek ta dat der yn de kommisje praten wurde sil oer wegen dy't in betonlaag krije sille. De rekkensom dy't by dizze betonlaag heart en it ûnder- hâld letter fan dy diken is yn elts gefal hiel oantreklik. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 8. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het op niveau brengen van de sportvelden. De hear Veldstra seit dat syn fraksje fynt dat der oerlis fierd wurde moat mei de F.S.B. i.o. Mefrou Santema is it hjirmei iens. Sy fynt dat dit útstel noch in protte fragen opsmyt. Der leit bygelyk gjin tiidskema by. Wêrom is der net praten mei minsken út de sportbünen wei oer de sifers op it kwaliteitslistke. De hear De Jager seit dat syn fraksje mei bewûndering sjoen hat nei de ynventiviteit fan it kolleezje. Hy wachtet graach it ferrin fan de ûnderhannelings óf. De hear Postma seit dat nei in wiidweidige diskusje yn de kom misje it útstel weromnommen is. Hy is dan ek fernuvere dat dit útstel net wer yn de kommisje mar direkt yn de ried komt. Dat ûntnimt alle belutsenen de kâns yn te sprekken. Hy betreuret dat hiel bot en fynt dizze hannelwize net tsjügen fan behoarlik bestjoer. Syn fraksje konstatearret dat der yn Boarnsterhim noch hielendal gjin beliedskader is foar de privatisearing. De wet- hâlder hat in foarkar om it doarp in oplossing te sykjen. Sy fielt der totaal net foar in yntegrale oplossing te sykjen. Hy fynt dat der yn gearwurking in ynventarisaasje makke wurde moat fan de ûnderhâldstastân fan de fjilden. Dat is wol bart, mar der is trochgien op in systematyk út it ferline wei en der is ek gjin oerlis west mei de ferienings. Dit stiet him alhiel net oan. Der wurdt ek foarbygien oan de ynisjativen fan de F.S.B. i.o.. Dizze stichting is net yn it oerlis belutsen. Syn fraksje stelt dêrom út dit útstel fan de wurklist óf te fieren en it fierder útwurke mei in plan fan oanpak oan te bieden oan de kommisje A.Z.W. De hear Van der Baan seit dat it útstel net yn oerienstimming is mei sa't de ferienings dat oan syn fraksje oerbrocht hawwe. It útstel is dus net folslein en foldocht net oan 'e kriteria fan sekuerens. Yn 'e skógings is it al sein: harkje en gean yn oerlis mei de boargers. Der sil mei de F.S.B. i.o. praten wurde moatte om ta oerienstimming te kommen. Pas dêrnei moat der in útstel yn de ried komme. Syn fraksje fynt dat it kolleezje dit útstel weromnimme moat. De hear Van den Berg seit dat it hjir giet om de útwurking fan in riedsbeslút fan 1993. Syn fraksje freget him óf oft doe wol in goed trochtocht beslút nommen is. It liket wol in bytsje op wat it ryk ek ferweten wurdt, nammentlik besunigje wolle en dat dwaan ûnder it mom fan privatisearing. N0T1311/0/H/BR0UWERJ/38

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 39