- 4 - De hear Van der Baan seit dat der earder plannen foar Akkrum west binne dy't goed üttocht wiene. It gong der doe om it ferkear oer de U.T.-wei gean te litten. It soe hiel logysk wêze dat dy plannen ütfierd wurde. It iennichste wat dêr noch foar ûntbrekt is in brêge yn de U.T.-wei. Oer dit nije plan is net goed neitocht, it is betocht mar net trochtocht. Ut ynformaasje docht bliken dat de brêge oer de Polsleat sa't dat no yn de plan nen stiet technysk net mooglik is. Troch dit plan wurdt it pro bleem ferpleatst. It wurdt seis noch in slimmer probleem. De brêge jout boppedat troch it gestjonk ek noch in miljeuprobleem. Dizze oplossing is gjin oplossing mar jildfergriemerijSyn fraksje freget it kolleezje dit plan farre te litten en op 'e nij nei te tinken oer it âlde plan. De hear Van den Berg seit dat der al 30 jier praten wurdt oer de doarpsfernijing yn Akkrum. In protte nota's hawwe al it ljocht sjoen sa as it IMK- en it SOFArapport. Yn de óf rune dagen hat syn fraksje nochris goed harkje kind nei de opfettings fan foar- en tsjinstanners. Dat hat der ta laad dat hy weromfalle kin op itjinge hy yn de kommisjegearkomste fan novimber sein hat. Hy hat doe in komplimint jûn oan de Wurkgroep doarpsfernijing Akkrum, dy't in goed trochtocht stik opsteld hat. In stik, dêr't middels in ynventarisaasje alle problemen yn Akkrum yn neamd binne. Ien fan de wichtichste is de ferkearsstruktuer yn Akkrum. Nei oanlieding fan de behanneling yn'e kommisje fan maaie hat it kolleezje mei help fan adviseurs en de Wurkgroep doarpsfernijing it nochris fan alle kanten besjoen. Dat der dan no noch itselde plan leit betsjut net dat it in min plan is. Dat de útkomst net is sa't jo graach wolle is in oar ferhaal. Dit útstel is it risseltaat fan in proses dat al in tal jierren rint en dêr't no in beslüt oer nommen wurde moat. Fansels binne der noch fragen dy't op dit stuit net goed beantwurde wurde kinne. Dat mei der lykwols net ta liede de beslútfoarming foarüt te skowen. Hy wol noch graach fan it kolleezje fernimme hoe't it fierdere ferrin fan de proseduere wêze sil. Hy hat noch inkelde fragen. Wat bart der as de ried it útstel oernimt, wa wurde by it fierdere proses belutsen en wannear komt de ried wer oan bar. Wat bart der as bliken docht dat de plannen technysk net realisearber binne as dat der problemen üntstean by de oankeap fan grûn en opstallen. En wat bart der as de plannen, finansjeel sjoen, krekt "in brêge te fier" binne. As léste, wat bart der as de ried de plannen ófwiist. Mefrou Santema seit dat it, neist advizen, ek giet om wat de boargers fan Akkrum fan dizze plannen fine. Doarpsfernijing is mear as Buorren, Efterom en Leechein, it giet om it hiele doarp. It plan fan oanpak dat der no lang om let leit hat in lange skiednis. Akkrumers yn ieren en sinen sille dêr alles fan witte. It beslüt dat jûn nommen wurde moat hat mear: der wurdt ek be- sletten ta de oanlis fan it eastlik part fan de sudelike rûnwei. Dit hat foar de V.V.D. in hege prioriteit, omt dizze wei in op lossing is foar it frachtferkear. Sy giet dan ek yn 'e pleit foar dit eastlike diel fan de sudelike rûnwei. De wurden "in beginsel" kinne dan út it beslüt helle wurde. It ütstel leit emosjoneel by gâns minsken swier. It sil jo ek mar barre dat de dyk by jo troch de tün giet as dat jo út jo hüs moatte! Har fraksje hat ek goed troch dat elts syn eigen belang hat. De boargers moatte goed skeadefrij steld wurde. NOT2301/0/H/BR0UWERJ4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 47