- 7 - De foarsitter slút tydlik de gearkomste om 21.05 oere foar oerlis. De foarsitter weriepenet de gearkomste om 21.20 oere. De hear Zij lstra seit dat syn fraksje fan betinken is dat it tiid wurdt ïn beslút te nimmen yn it belang fan de takomst fan Akkrum. Akkrum hat rjocht op düdlikens. It antwurd fan it kol- leezje dat de foarljochting tenei better oppakt wurde sil en dat by de fierdere ütwurking fan de plannen mei de minsken oerlein wurde sil, sil it kolleezje oan hâlden wurde. Mocht it op de finân- sjes dochs noch speakrinne dan sil it kolleezje by de ried weromkomme moatte. Miskien dat der dan in oare kar makke wurdt. Syn fraksje stipet it ütstel fan it kolleezje. Mefrou Santerna seit dat har fraksje graach witte wol op hokfoar termyn de rûnwei realisearre wurdt en oft dy rûnwei wol helber is. Wurdt de rûnwei ûnderdiel fan it plan dat by de provinsje yntsjinne wurdt? Is der kâns op subsydzje foar it eastlike part fan de sudelike rûnwei? Finânsjes binne no noch net wichtich sei de wethâlder. Mar as jo no gjin jild hawwe dan keart de wâl it skip. Der moat dtidlikheid komme foar Akkrum, mar as har fraksje gjin antwurd krijt op de stelde fragen kin sy ek net düdlik wêze. Dan wurdt de tizeboel allinne mar grutter. De hear Van den Berg konstatearret dat der al meardere kearen oer plannen foar Akkrum praten is. Hy neamt it SOFA- en it IMK- rapport. Ek yn dizze plannen wurdt al praten oer de omlieding oer it Leechein. It is net terjochte dat der no sein wurdt dat dizze plannen út de loft fallen komme. De ried is oan Akkrum ferplichte dat der no in beslüt fait. Op dit momint binne alle saken ôfwûgen. Syn fraksje hâldt him it rjocht foar dat as it plan "in brêge te fier" is op 'e nij in ôfwaging te meitsjen. It is goed dat de wethâlder tasein hat yn in kommisjegearkomste mei in tiidskema en beslismominten te kommen. Syn fraksje hat respekt foar de beswieren fan de omwenjenden mar as it algemien belang ôfwûgen wurdt tsjin it partikuliere belang stipet syn fraksje dochs it kolleezje-útstel. Yn it proses fan ütwurking sil mei de direkt belutsenen in goed oerlis en in goede kommunika- tive bân wêze moatte. Dat betsjut ek dat der rekken mei skealeas- stelling hélden wurde moat. De ried is keazen as fertsjintwurdig- er fan de befolking en de ried sil no in kar meitsje moatte. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje op 'e nij in diskusje- rûnte yn it doarp hawwe wol omt it plan no gjin draachflak hat. De ynwenners fan Akkrum hawwe hiel goed yn 'e gaten dat dit plan gjin oplossing jout mar in ferpleatsing fan de problemen. It iennichste wat no berikt wurdt is dat op 'e nij bewezen wurdt dat de polityk fier fan de minsken ófstiet. De wethâlder hat him absolút net oertsjûge. Syn fraksje fynt dat der mar ien goede oplossing is: in brêge yn de U.T.-wei. De útstelde rûte oer it Leechein moat ferfalle en it ferkear moat foarearst troch de Buorren. Dêryn moatte dan wol ferkearsremjende maatregelen trof fen wurde. De heer Jonkers zegt dat D66 te pas en te onpas schermt met een referendum. Vanavond is dat niet gebeurt terwijl dit misschien het enige onderwerp was geweest voor een referendum. Zijn frac tie dient een amendement op het besluit in met de volgende tekst: NOT2301/O/H/BROUVERJ/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 50