- 9 - 4Voorstel tot het aanvaarden van een schenking. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 5Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van de aanpassingen aan de gemeentewerf De hear Van der Baan seit dat syn fraksje der al jierren op oan- trune hat om nei te gean oft ütbesteegjen fan guon wurksumheden ek better is. Syn fraksje hâldt, nei de besprekking yn de kommisje, beswieren tsjin de folgjende parten fan dit ütstel: it tankplak en it autowaskplak. Dit kostet in protte jild en de foarsjennings moatte ek hyltiten wer oan nije miljeufoarskriften oanpast wurde. Yn it ütstel wurdt in kosten-batenanalize fan seis dwaan as ütbe steegjen net meinommen. Datselde jildt ek foar de lûdsskermen. Op foarhân is hy net tsjin dy lüdsskermen. Hy freget it kolleezje wol yn de kommisje düdlik te meitsjes wêr't dy lüdsskermen foar tsjinje en hoe't de kosten foar dy skermen ta stân komme. De sâltloads kos tet hast in ton. Is dêr gjin ienfâldiger oplossing foar te betin- ken. De hear Postma seit dat syn fraksje him wat de ôfwaging fan de kearnaktiviteiten oanbelanget oanslute kin by de fraksje fan de F.N.P. Allinne fan it tanken hat it kolleezje sein dat it by üt- besteging djoerder wêze soe. Oer de oare punten, it autowaskplak en it ûnderhâld fan de auto's, soe noch in oriëntaasje folgje. In twadde fraach is oft de romte by de gemeentewerf wol tarikkend is. Earder is al konstatearre dat it oan de krappe kant is. Der moat no in beslissing nommen wurde oer in needsaaklike ynvestearing omt de gemeente oars net oan de miljeu-easken foldwaan kin. Dit léste punt moat ek omtinken hawwe. De hear De Jager seit dat syn fraksje nijsgjirrich is nei de wurk- like kosten as de wurksumheden ütfierd binne. As twadde freget hy oft de provinsje gjin beswier hat tsjin in lettere ütfiering fan bygelyks it k.g.a.-depot as dat ferplichte waard. De hear Veldstra seit dat syn fraksje ynstimt mei it ütstel. Hy is ek bliid dat der wat oan de lûdsoerlêst foar de omwenj enden dien wurdt. De foarsitter seit dat oer dit ütstel wiidweidich yn it kolleezje praten is, net yn't léste plak fanwegen it miljeu. De miljeu-easken binne sa dat der echt wat dien wurde moat. Oars üntstiet der in si tewaas je dat de oerheid seis net docht wat sy de boargers wol op- leit. By de ôfwaging binne ûnder oaren belutsen de ütgongspunten oer privatisearing sa't dy yn it G.0. besprutsen binne. Oer priva- tisearing binne dêr spulregels ôfpraten. Ien dêrfan is dat ôfstjit- ting fan aktiviteiten finansjeel wat opsmite moat, net allinne no mar ek yn de takomst. Romtlik kin de gemeente ridlik üt 'e fuotten oan de Oedsmawei. Yn de fragen oangeande tanken en it ynkeapjen fan brânstof is feststeld dat it seis hawwen fan in tank foardieliger en effisjinter is. Ek it autowaskjen kin better seis dien wurde. Foar de buorlju, benammen dy oan de Stasjonswei, is it needsaaklik dat der in lûdsskerm komt omt de gemeente oars net foldocht oan de miljeu-easken. Ek yn it kolleezje is de fraach nei de sâltloads steld. It kolleezje hat him lykwols absolüt oertsjügje litten troch de arguminten fan de amtlike adviseurs. It kolleezje is ree om nochris tekst en ütlis te jaan oer de ünderlizzende sifers en de romtlike ynfolling fan it terrein oan de Oedsmawei. It kolleezje ferwachtet gjin sanksjes fan in hegere oerheid. N0T2301O/H/BROUWERJ9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 52