- 10 - De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it kolleezje leauwt op syn wurden. Foar him is der lykwols te min ynformaasje beskikber om dat krekt neigean te kinnen. De ried hat in kontrolearjende funksje en sil yn dit gefal achterôf kontrolearje moatte oft dizze ütjefp.e ferantwurde is. Hy wol graach yn dy sin in tasiz- zing fan it kolleezje. De hear Postma freget oft der nei dizze ynvestearing noch mear komt. Hy is net oertsjûge dat de ûnderhâldsyntensiteit der ta laad dat de gemeente seis in wurkpleats hawwe moat. Dit wurdt ynjûn troch it feit dat der in foars ynvestearingsprogram is. Boppedat binne de technologyske ûntwikkelings sa dat it ûnder- hâld allinne mar ôfnimt. Is der foar de opslach fan sâlt ek in gearwurking, in kombinaasje mei Rykswettersteat mooglik? It is fansels skrinend dat de hegere oerheid de gemeente ünder druk sette moat om oan de needsaaklike miljeu-easken te foldwaan wylst de gemeente ek yn dit stik fan saken in foarbyldfunksje hat. De hear De Jager herhellet syn fersyk om de ôfrekken oan de ried takomme te litten. De foarsitter seit dat it yndied goed wêze soe dat de ried de ôfwaging dy't makke wurde moat ek op papier krijt. Hy seit in rapportaazje achterôf ta. Dy rapportaazje sil yn de kommisje besprutsen wurde. Dêr sil de oerwaging: yn eigen hûs as útbe- steegje, yn behelle wurde. Privatisearing liket altiten oantrek- lik mar is it lang net yn alle gefallen. Der binne yn de takomst mear ynvestearings te dwaan, sa as bygelyks ferfangingsynves- tearings. It kolleezje is net fan doel om dizze ynvestearing te brûken as in springplank nei noch mear aktiviteiten. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 6. Voorstel tot wijziging van de Uitkerlngs- en pensioenverordening wethouders van de gemeente Boarnsterhim. De hear Van der Baan freget wêrom dizze wiziging weromwurket oant 1 jannewaris 1986. De foarsitter seit dat dizze wizigingen fan formele wetjouwing trochfierd wurde moatte yn de pleatslike feroardeningen. Dat dizze wiziging weromgrypt nei 1 jannewaris 1986 hat te krijen mei de lykberjochtiging fan manlju en froulju. De hear Van der Baan freget omtinken foar in brief fan in âld- wethâlder dy't yn de útkearing achterbliuwt. Hy freget oft it kolleezje ree is dit gefal foar te lizzen oan de ried omt de ried de mooglikheid hat feroaringen oan te bringen. De foarsitter ûntriedt it de ried feroaringen oan te bringen. De feroardening is ek yn it gefal fan dizze âld-wethâldlik goed tapast. Hy noeget út om oer dizze saak oerlis te hawwen mei de gemeentesiktaris om mooglik wat foar dizze âld-wethâlder te dwaan. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. NOT2301/O/H/BR0UHERJ/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 53