13Voorstel tot ontvankelijkheidsverklaring van een verzoek om plan- schade. - samenstelling schadebeoordelingscommissie en ter beschik king stellen van een krediet. De hear Van den Berg stelt foarop dat hy net yngripe wol yn de rjochten fan de boargers. Dochs makket hy in kanttekening. Hy konstatearret dat de kosten fan advisearing al f 9000,00 binne. Dan is der noch net praten oer wat der letter noch achterwei komme kin. Yn de takomst sil der faker in berop op planskea dien wurde. Yn de eksploitaasje-opsetten fan bestimmingsplannen wurdt der noch hielendal gjin rekken mei hâlden. Syn fraksje soe noch graach ris oer de proseduereferoardening prate wolle. Hy freget it kolleezje oft yn dit gefal de post ûnfoarsjoen wol de krekte is. Dit fersyk om planskea soe eins út it grünbedriuw betelle wurde moatte. De hear Van der Baan is it iens mei de hear Van den Berg. Eiken- ien kin yndied in fersyk om in fergoeding foar planskea yntsjin- je. Dit betsjut wol ekstra kosten foar de gemeente. Ek syn frak sje fynt dat de dekking út de eksploitaas je fan de Heareburch komme moat. De heer Lolkama vindt het een slechte zaak dat er adviesbureau's zijn die mensen adviseren verzoeken om vergoedingen voor plan- schade in te dienen. Dit kost de gemeente veel geld. Hij doet een beroep op de burgers om met die verzoeken heel bescheiden te zijn. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje graach in oare dek king foar it kredyt hawwe wolle. Wethâlder De Boer seit dat yndied de boargers rjochten hawwe dêr't se gebrûk fan meitsje kinne. Sy is it wol mei de hear Lolkama iens dat der foarsichtich gebrûk makke wurde moat fan it rjocht om in fersyk foar planskea yn te tsjinjen. It is lykwols net oan de oerheid om dat te freegjen, it sil út de minsken seis fuortkoirane moatte. Yn de kommisje is tasein om de proseduerefer oardening op 'e nij te besjen. Yn de eksploitaasje-opset fan de Heareburch binne net de eventuele claims opnommen. Yn 'e takomst giet it der wol op ta yn de eksploitaas je in bepaald bedrach foar mooglike skeaclaims op te nimmen. It soe seis foarkomme kinne dat der fan plannen ôfsjoen wurdt as der in hiele protte skeaclaims ferwachte wurde. Troch dit bedrach út de Heareburch te heljen ûntstiet der in tekoart op it kompleks. De hear Postma bringt it kolleezje te binnen dat de Heareburch sa goed rûn dat de grûnpriizen leger wurden binne. Dan kin dochs dizze f 9000,00 dêr ek wol út finansierd wurde. De hear Van den Berg seit dat hy dochs muoite hat mei de argumin- taazje om it jild út ûnfoarsjoen te hel jen. En wat bart der as der mear fersiken komme as dat it op in skeafergoeding útdraait. Wethâlder De Boer seit dat de priizen yn de Heareburch omleech gien binne omt dêr ófspraken oer wiene. It kompleks is noch net ófsletten, mar troch dizze f 9000,00 dêr út te heljen ûntstiet der wierskynlik wol in tekoart. As it op it útbeteljen fan skea oankomt is der wol in probleem dat net foarsjoen is. - 12 - NOT2301/0/H/BRQUMERJ/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 55