- 13 - Ook dient uniformiteit van beleid te worden nagestreefd bij de overdracht van de exploitatie van diverse sportaccommodaties aan de respectievelijke sportverenigingen. Voorzitter, samenvattend is de fractie van mening dat er in 1996 een kwalitatief goed functionerende ambtelijke organisatie met de daarbij behorende eigen personeelsformatie moet worden gerea liseerd. Een kwalitatief goede dienstverlening dient hierbij centraal te staan. Vanaf 1 januari 1996 moet er een goede ver sleuteling plaatsvinden van de kosten en moeten criteria worden geformuleerd om de effecten van de beleidsinspanningen objectief te kunnen meten. De uitwerking daarvan zien wij in het voorjaar van 1996 met belangstelling tegemoet. De hear Van den Berg seit: Foarsitter, it ófrune jier hawwe wy jimme witte litten dat it hâlden fan al- gemiene skôgings neffens ús net folie doel hat. Jimme sille wol foar it ferstân hawwe dat wy noch hieltyd sa tinke. It probleem foar D66 sit benammen yn it stuit dêr't dy skógings op útsprut- sen wurde. Dy wurde útsprutsen yn in faze dat de begruttings- tarieding al hielendal ôfrûne is. De konsept-begrutting is al fêststeld troch it kolleezje en de riedskommisjes hawwe de earste omloop ek al hân. Oars sein, de begrutting foar 1996 stiet al fierhinne fêst en sil hjoed mooglik op details noch oanpasse wurde. Om werklik ynfloed te hawwen op 'e begrutting is it nedich dat de partijen yn 'e maitiid, as de tarieding op in nije begrutting út ein set, oanjouwe hokker kant hja op wolle. Wy binne der dan ek bliid mei dat ús útstel fan it ôfrûne jier troch jimme oernommen is en dat der yn 'e maitiid 1996 praten wurde sil oer de begruttingsopset foar 1997. Dêrtroch kinne wy hjoed dan ek in ein meitsje oan 'e jierliks weromkommende ritue le dûns, dy't hjoed foar de feroaring útfierd wurdt troch ien dame en fiif hearen. Foarsitter, lyk as it foarige jier sille wy no ek gjin wiid- weidige politike skôging hâlde oer de problemen fan ús maatski- ppijUs omtinken giet hier en op dit stuit út nei de problemen yn 'e gemeente Boarnsterhim en de wize wêrop wy dy oanpakke wol le. Dat de problemen grut binne hoecht gjin neiere taljochting. Om dy allegearre op te romjen sil der noch hiel wat barre moatte. Ta ús gelok kinne wy fêststelle dat der sûnt it oan- treden fan dizze ried in hiel soad op 'e rails setten is. Hoewo- 1't de effekten dêrfan net daliks oeral te merkbiten binne, hawwe wy dochs de yndruk dat it skip wer op koerts rekket en dat de kearn fan 'e stoarmdepresje stadichoan oerlükt. De ynis- jativen dêr't yn de ôfrûne oardel jier mei út ein setten is, rjochtsje harren benammen op it ferbetterjen fan 'e kwaliteit fan 'e gemeentlike organisaasje yn 'e wiidweidige betsjutting fan it wurd. Wy fine soks in goed ding. Sünder in slachfeardige gemeentlike organisaasje en sünder in sûne finansjele húshâlding kinne de problemen fan Boarnsterhim nei ús betinken nea ófdwaande oanpakt wurde. Yn 'e praktyk betsjut it ien en it oar dat it omtinken en de ynset benammen rjochte is op 'e organisaasje. Dat is fan dy gefolgen dat oare saken minder of seis alhiel gjin omtinken krije. Soks is ferfelend foar de boargers dy't it oangiet, mar ekfoar de politike partijen yn dizze ried dy't alderlei winsken en foarnimmens op it ferkiezingsprogram stean hawwe. D66 hat ek tal fan saken dy't hja graach yn dizze riedsperioade realisearre sjen soe. In stikmannich wolle wy yn likefolle wat foar folchoarderkoart oanhelje. N0T1311/0/H/BR0UWERJ/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 14