Doarpshuzen. As ien fan de seldsume gemeenten yn Fryslân hat de gemeente Boarnsterhim net in planmjittige oanpak op it mêd fan 'e doarps huzen. Dat is ús as ried yn de ôfrûne perioade soer opbrutsen. Om fierdere problemen yn 'e takomst foar te wêzen pleitsje wy der foar dat yn oerlis mei in op te rjochtsjen Federaasje fan Doarpshuzen Boarnsterhim en de Stichting Dorpshuizen Friesland in beliedsplan opsteld wurdt, dêr't û.o. yn yngean wurdt op 'e taakferdieling tusken de gemeente en de federaasje en de finans- jele regeling oangeande ynrjochting, planmjittich ûnderhâld en eksploitaasje fan doarpshuzen. Sosjaal kultureel wurk. Itselde jildt yn wêzen foar it jongereinwurk. Yn Akkrum sil mei- koarten in "jeugdhonk" iepene wurde. Dêrmei binne de problemen earne oars yn dizze gemeente net oplost. Mear yn it each spring- jend sil sjen litten wurde moatte wêr't de problemen sitte en hoe't dy oanpakt wurde kinne. Dêrby sil ek sjoen wurde moatte oft der mooglikheden binne foar it oanlûken fan in jongerein- wurker Riolerarring. It ûnderhâld en it kwalitatyf op oarder bringen fan 'e riolear- ring sil mei kréft oanpakt wurde moatte. Wy binne der bewust ús fan dat soks grutte finansjele offers mei him meibringe sil. Ynkoarten sille wy prate moatte oer de basisriolearringsplannen en de útflering dêrfan. In fraach dy't yn dat ramt ek beandere wurde moat is foar hoefier it bûtengebiet ek op 'e riolearring oansluten wurde kin. Romtlike Oardering en Folkshüsfesting. Wy binne bliid dat der ûnderwilen in Folkshúsfestingsplan fêsts- teld is. Op it mêd fan û.o. de útwreidingsrjochting Grou, Jirnsum en Akkrum is de diskusje noch net ôfrûne. Sa binne de útkomsten fan 'e praatjün "Boarnsterhim yn petear" spitigernôch noch net bekend. Düdlikens is lykwols wol winske. Boppedat moat de relaasje tusken de gemeente en de Wentebouferiening neier omtinken hawwe. It bestimmingsplan Bûtengebiet is al in moai skoft yn tarieding. It ferlet fan sa'n plan is tige grut. Wy wolle der by it kolleezje op oan stean te bef oarder jen dat de ried yn 1996 ta it fêststellen fan dat bestimmingsplan oergean kin. Underwiis. Sjoen ek de reaksje fan de GMR bestiet by ús de yndruk dat de LONDO-middels noch net foar 100% foar it ûnderwiis brûkt wurde. Wy bliuwe fan betinken dat soks op sa koart mooglike termyn wol barre moat. Fierders merke wy op dat de gemeente op it mêd fan it ûnderwiis de kommende jierren wichtige ûntjouwingen te wachts- jen stean. It gemeentlik foech sil yn folie dingen tanimme. Wy achtsje it fan grut belang dat de gemeente dêr tidich op ynheak- ket. Likegoed yn kwantitatyf as yn kwalitatyf opsicht sil de gemeentlike organisaasje klear makke wurde moatte om it tak- omstich takepakket útfiere te kinnen. Yn dat ramt sil û.o. ek praten wurde moatte oer de takomstige bestjoersfoarm fan it iepenbier ûnderwiis. D66 fynt dat noch yn dizze riedsperioade in beslút nommen wurde moatte sil oer dy nije wizze fan bestjoeren fan it iepenbier ûnderwiis. Wy soene graach fan it kolleezje witte wolle wannear't dêr in begjin mei makke wurdt en hoe't it him foarstelt dat mânske kar wei oan te pakken. N0T13 U/0/H/BR0UWERJ/14 - 14 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 15