- 15 - It soe te fier gean om al ús winsken hjir nochris wiidweidich en ien foar ien te bes jen. Dêr komt noch by dat oan in grut tal dingen dy't troch D66 by de kolleezje-ünderhannelingen ynbrocht binne, no al wurke wurdt. Yn dat ferbân kinne ünder oaren neamd wurde it ynfieren fan in Belieds- en behearskynstrumintarium emn it ûntjaan fan in kommunikaasjeplan, dêr't ek by sjoen wurde sil nei - de mooglikheid te kommen ta it ynfieren fan in (korrektyf) referindum; - it ûntjaan fan in nije struktuer foar advyskommisjes - it ynstellen fan in boargerpanel Foarsitter, wy fine it yn oarder dat op dit stuit it primaat leit by it op oarder bringen fan 'e gemeentlike organisaasje. Wy hawwe de undruk dat ek de ynwenners fan ús gemeente dêr wol begryp foar hawwe. Wol merke wy dêrby op dat it opskuor om de plannen om 'e Weidewinkels yn Grou en de oerslachhaven yn 'e JAG-trijehoeke hinne, it kredyt dat wy by de boargers hawwe slim swier'e proef stelt. It is slim út te lizzen dat ús gemeente net by steat is, om relatyf ienfâldige dingen, sa as bygelyks it op 'e tiid opknappen fan strjitfluorring en it beanderjen fan brie ven, út te fieren, wylst der wol tiid en enerzjy stutsen wurde kin yn de ûntjouwing fan grutskalige plannen, dy't mooglik ta neat liede. Wy binne fan betinken dat wy ús dy krityk oanlûke moatte. Yn 'e kommende perioade sille wy noch sekuerder as no ôfweagje moatte wêr't wy ús enerzjy en tiid op ynsette kinne en wolle. De begrutting. Foarsitter, de ûntwerpbegrutting is al besprutsen yn 'e beide kommisjes. Wy hawwe ek de gelegenheid hân skriftlike fragen te stellen oer de begrutting. Yn 'e antwurdnota hawwe wy de antwur- den léze kinne. It hat gjin doel en werhelje ús oanmerkings en fragen nochris. op in oantal punten sille wy ünder oaren by de tarieding op 'e begrutting 1997 weromkomme. Wy binne bliid dat wy te krijen hawwe mei in slutende begrutting. Yn de mearjierrebegrutting is oanjûn dat yn 1996 de begrut-tingin tekoart hawwe soe fan sa'n lytse 4 ton. Dat is aldergelokkichst gjin wiewrheid wurden. Dat is op himsels al in winstpunt. Mei jimme binne wy fan betinken dat de finansjele sitewaasje fan 'e gemeente noch net sa bést liket, mar de sitewaasje wurdt better. It is moai meinommen dat de boargers de earste positive effekten dêrfan yn 'e beurs fiele kinne. Nei 't wy hoopje set dy tendins him yn 'e kommende jierren troch. De kar dy't jimme yn 'e begrutting makke hawwe kinne wy yn meistimme. Wy werkenne dêryn, dat jimme de prioriteit lizze by it ferbet- terjen fan 'e kwaliteit fan 'e gemeentlike organisaasje en it optimalisearjen fan 'e bedriuwsfiering. Fierders hawwe wy kennis nommen fan 'e oanfolling op 'e oanbiedingsbrief oangeande it godstsjinstûnderwiis en it ûnderwiis neffens libbensskôging. It ferheegjen fan dy post ta f 10.000,00 kriget ús stipe. N0T1311/0/H/BR0UWERJ/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 16