- 17 -
Wy as gemeente kinne dit net allinne oplosse, it is in Frysk, sa
net in Nederlânsk probleem. Dat wy ús hjir dochs foar ynsette
mei ús minimabelied en it stypjen fan'e bedriuwichheid yn üs
gemeente is in wichtige saak. De ynspanning om 30 wurkleazen it
jier oan wurk te helpen yn gearwurkin mei it arbeidsburo, hâlde
wy jimme oan en de útkomst wolle wy graach nei in jier fan jimme
fernimme.
It oanheljen fan nije bedriuwichheid yn üs gemeente is wichtich,
as wy hjirby mar net út it each ferlieze, dat wy de sterke pun
ten lykas rekréaasje, lânbou, natuer en noflik wenjen dêrtroch
gjin geweld oandogge.
Ynvestearje yn de jongerein, yn'e foarm fan stypjen fan jeugdka-
der op in breed terrein fan sneinskoalle oan't jongereinwurker
en sportkader sil üs oandacht nedich hawwe, wolle wy de rekken,
dat wol sizze de skea beheine, dan wurdt it tiid der ris mei
alle groeperings om'e tafel sitten te gean, dy't harren dwaande
hâlde mei üs jongerein. Hoe tinke jimme dêroer?
In sün miljeu hie twa jier lyn in protte oandacht, it sakket no
wat del, mar hat lannelik wol lied ta skerpere wetten. Us boeren
hawwe it der dreech mei, benammen mei it dongbelied. Tink mar
oan it silodek. It muoit üs, dat südelike noarmen üs féboeren yn
harren bedriuwsfiering behinderje. De smoarge wetterboaiems
lizze üs swier op'e mage, lokkich is der wat jild kaam om it
fersmoarge Storkterrein oan te pakken. Wy sitte op it goede
spoar. Mear oandacht foar miljeubewust bouwen, soe üs wolkom
wêze.
De ütfiering fan it mearjierrige wegenplan wurdt merkber, de
klachten rinne werom en beheine harren ta glinsterjend beton en
de fraach om wite strepen. De oanliz fan in fytspaad fan Wergea
nei Grou binne wy bliid mei, krekt sa as mei it omtinken oan de
krusing fan wegen by Poppenwier.
De soarch foar üs gasten út lannen dêr't harren libben op it
spul stiet, kin yn üs eagen besjen lije. De nije fjildmeiwurker
docht goed wurk foar harren, de frijwilligers fan flechtelingen-
wurk wolle wy priisgjel It oerlis tusken üs apparaat en dizze
groep freget trochrinnend oandacht om in goede gearwurking te
behâlden.
Ienris hawwe wy wat dien mei freonskipsbannen yn Tsjechië, wurdt
it ek ris tiid om de ferbining wer op de kalifateren? Wy hawwe
hjirfoar dochs in wurkgroep? Hoe stiet it dêr mei?
Om al dizze saken ek finansjeel mooglik te meitsjen is in goed
belied ynset, mei in düdlike kosten/baten analize en it yn'e hân
hâlden fan tsjinfallers. In slutende begrutting, dy't romte jout
foar nij belied is hjirfan it resultaat. Wy sille de finger oan
de pols hâlde moatte, wolle wy üs boargers net swierder belêste
dan as no al it gefal is.
De opslach foar ien kear op'e rioelbelesting om de slimste
knyppunten oan te pakken, soene wy leaver oer twa jier ütsmard
hawwe. Lokkich kinne wy de ôffalheffing ferleegje.
De easken, dy't wy stellen oan üs ambtlik aparaat binne heech,
faaks ek te heech, as wy sjogge nei it syktefersom? As wy fer
nimme, dat der wurknimmers binne dy't yn tsjien moanne harren
jiertaak der al opsitten hawwe? It wurdt tiid, dat de nije opset
fan it apparaat mei syn trije ôfdielings syn beslach kriget. Wy
ferwachtsje fan it kolleezje, dat hja har dit jier ekstra
ynsette sil om bynammen de wurkdruk op te fangen en it wurkkli-
maat te ferbetterjen.
N0T1311/0/H/BR0UWERJ/17