Foarsitteroanwêzigen, hjirmei woe ik der mar in ein oan breid- zje, mar net neidat wy it gehiel oersjende konkludearje moatte, dat it yn ûs eagen it ôfrûne jier sa gek noch net gien is, alhoewol der noch in protte winsken lizzen bliuwe. Us politike modderbaden woe ik mar bewarje foar oan de stamta fel; praat moat der bliuwe net wier? De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 10.20 oere. It kolleezje kin him dan tariede op de beantwurding fan de sprekkers. Hy weriepenet de gearkomste om 10.40 oere. Hy hjit mefrou Santema wolkom. Hy dielt mei dat der is in wizige moasje fan de F.N.P. binnenkaam is. De hear Van der Baan lést de moasje foar: De ried fan de gemeente Boarnsterhim, yn gearkomste byinoar op 13 novimber 1995, hat him dwaande hâlden mei de bestimming fan de Wvg-jilden; hy nimt yn it omtinken dat dy jilden bestimd binne foar finan- sjele stipe oan handikapten foar foarsjennings en ferfier; dat dy jilden dêrom net op oare wize brûkt hearre te wurden en dat de rinten fan dat jild bestimd bliuwe moatte foar de Wvg en net tafoege oan de algemiene reserve; draacht it kolleezje op om dy jilden op dy wize te earmerken; en giet oer ta de oarder fan de dei. De foarsitter betanket de ried foar de freonlike wurden dy't sein binne en hy sil dy wurden ek oerbringe oan de amtlike organisaasje. Hy wol earst in pear dingen sizze oer it bestjoer fan Boarnster him. Der is in swiere taak foar it bestjoer op it mêd fan de organisaasjeüntwikkeling wêrby kwaliteits- en kultuerkenmerken tige wichtich binne. It is bekind, it is in drege opjefte de saak goed op de rails te krijen. Twaddens is der in swier poli- tyk program dat yn in kolleezjewurkprogram en yn in riedsprogram fêstlein is. Ek dy dogge in swier berop op de bestjoerlike en amtlike kreativiteit. Ienheid en harmony as teken fan de bestjoerskrêft, binne dan fan grut belang. De feroare politike ferhâldings freegje fan de ried it op 'e nij finen fan posysje. Harkjende nei de skôgings bekrûpt him it gefoel dat it net oer de ried en it kolleezje as ienheid giet. Hjir en dêr fielt hy wat dualistyske trekjes. En dualisme past net yn de gemeente- ried. De monistyske struktuer jout it measte sicht op ienheid fan bestjoer. Dy ienheid is tige wichtich foar it profyl fan dizze gemeente. De ried, it kolleezje, de amtners hoege allinne mar dy ienheid te wollen en te dwaan. Organisatoarysk is der in stevige achterstân fuort te wurkjen. Beliedsmjittich is der ek in achterstân yn te heljen. Hy tinkt dan oan de romtlike fraachs- tikken dy't der binne, de bestjoeringsynstruminten, de belieds- kaders foar wurkgelegenheid, rekreaasje, toerisme, lânbou en it foarsjenningenbelied. Der moat yn heech tempo oer al dizze saken neitocht wurde. Undertusken hâldt de tiid gjin skoft. Dat betsjut ûnder oaren dat der in Streekplan en in 5e nota R0 oan- komme. Der moat neitocht wurde oer de skaalgrutte fan dizze ge meente, wêrfan de ried al sein hat dat dy goed is. As wy sels- stannich bliuwe wolle dan sil de posysje fan Boarnsterhim helder dellein wurde moatte. Der is in soad yn beweging. - 18 - N0T1311/0/H/BR0UWERJ/18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 19