- 20 - It kolleezje seit ta dat de ried mei yngong fan 1 jannewaris 1996 de beslutelist fan de riedsgearkomsten krijt. It kolleezje is der wiis mei dat de ried brede stipe jout oan it sûnmeitsjen fan de finansjele húshâlding fan de gemeente. Yn it twadde fearnsjier sil de saneamde maitiidsnota yn de ried behannele wurde. Dêr giet it dan om it belied. De bgrutting dy't yn novimber behannele wurde sil is dan de oersetting fan dy maitiidsnota. De produktenbegrutting freget in hiel goede tarieding. De kom- mende tiid sil der ek mei de ried oer praten wurde hoe't sa produktenbegrutting der ütsjocht en wat jo der mei kinne. It kolleezje stribbet dernei de belestingtariven te temporisear- jen. Elts jier in bytsje minder mear. Duorsumheid stiet foarop. It kolleezje wol graach op it nulnivo ta. It kolleezje fynt dat der hoeden mei in ütspraak foaróf, dat de CBS-yndeks hantearre wurde sil, omgien wurde moat. As de line foar de belestingtariven in sober belied is dan is it ferstan- niger gjin ütspraak te dwaan oer hokfoar yndeks der hantearre wurde sil. It kolleezje sil, as der oer in trend sprutsen wurdt, düdliker oanjaan wat dy trend dan is. De suggestje om in part fan de knyppuntenpot yn te setten foar ünfoarsjoen jout problemen. It is ferstannich it bedrach foar ünfoarsjoen te hâlden tusken f 5,00 en f 8,00. Yn Boarnsterhim is it f 6,00 de ynwenner. It liket it kolleezje goed ta it dêr ek op te hâlden. It kompensearjen mei jild út de knyppuntenpot is net ferstannich omt dan ienmalich jild ynsetten wurdt op in strukturele post. De O.Z.B. giet 3% omheech en net 3,5%. As nei it gefoel fan de fraksje fan Gemeentebelangen 2000 net foldwaande helder is hoe't it kolleezje de fersluiering yn relaasje mei it ófskriuwings- belied tsjingien is kin dêr nochris oer praten wurde. Ferline jier is yn de mearjierrenbegrutting 4 ferheging O.Z.B. opnom- men. No wurdt dat mar 3%. Ek it kolleezje hat grutte soargen oer de riolearing yn üs ge meente. Ynkoarten sil der yn de kommisje oer de basisriolearings- plannen en de finansjele fertaling dêrfan praten wurde. Riedsstikken om 'e nocht beskikber stelle slacht in gat yn de begrutting. Der wurdt in tsjinst ferliend oan minsken dy't it bést betelje kinne. It kolleezje is wol ree om de omfang fan it pakket nochris te bepraten. It kolleezje fiert ek wat de begraafrjochten oanbelanget de winsk fan de ried út dat der in bettere ferhâlding tusken ynkom- sten en ütjeften komme moat. It tefoaren kommen fan sivylrjochtelike prosedueres is fansels tige wichtich. It kolleezje dielt de miening fan de fraksje fan Gemeentebelangen 2000. It kolleezje ûndernimt gjin aksje as it giet om de outplacement- regeling foar âld-wethâldersAs dy wat wolle, dan komme se wol. Dat is ek de line dy't yn de V.N.G. ófpraten is. Yn de automatisearingsnota sil, as se der binne, de fertsjinsten dy't helle wurde mei automatisearingsprojekten neamd wurde. Der fynt in ynventarisaasje, in brede oerwaging oangeande it baggerjen plak. It kolleezje seit de ried ta dat hy him yn bredere sin op de hüsfesting oriëntearje sil. It kommunikaasjeplan, dêr't de fraksje fan D66 wat fan sei, is yn tarieding. It kolleezje sil mei de kommisje byprate oer de freonskipsbân mei Horazdovice. N0T1311/0/H/BR0UWERJ/20

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 21