- 21 - It kolleezje bûgt him op 't heden oer de matearje dy't út "Boarn- sterhim yn petear" kommen is. De útkomst sil aansens publisearre wurde. It kolleezje wol fierder gean op de wei fan dizze petearen mei de ynwenners It kolleezje hat it PM-plan net tastjoerd krigen. Hy fynt ek dat der net sa rimpen in stânpunt oer ynnommen wurde moat. De "hûnepoepproef" yn Wergea, Reduzum en Warten is net al te bést slagge. Yn de nije APV sille in pear artikelen dêroer op- nommen wurde. It kolleezje is bliid dat de fraksje fan it C.D.A. stipe jout oan it wurk fan de plysjesurveillanten. Oer de gefoelens fan ünfeiligens is krekt ferline wike yn it saneamde tripartite oerlis omtinken jûn. Dér is útsprutsen dat dy gefoelens noch fierder as al it gefal is werombrocht wurde moatte. Wethâlder De Boer seit dat de plannen dy't nei bûten brocht binne oer it generaal passé yn it belied. It plan foar wentebou op Goatum is net in ynisjatyf fan it kolleezje. Om te witten wêr de wentebou en de bedriuwichheid yn de gemeente komme moat is it nedich dat der plannen komme. Foar Terherne en Aldeboarn binne dy plannen der al. It plan foar Wergea leit by de kommisje fan oerlis krekt as it plan foar de Legeaen. Yn it plannenmeitsjen, ek foar hoe't it yn it jier 2000 komt, past it 1000-wentenplan. It kolleezje neamt dat plan leaver oars: Wêr moatte we hinne mei de wentebou foar Grou, Akkrum en Jirnsum yn 2000? It folkshúsfes- tingsplan is derby it útgongspunt. Dit plan past lykwols net yn it provinsjale en regionale folkshúsfestingsplan. As der mear oer it oerlis hjiroer bekind is sil dér yn de kommisje oer pra ten wurde. It giet dan net allinne om de oantallen mar ek oer de segmenten. Omtinken foar de âlderein heart dér by. Ek is der omtinken foar in ferdieling oer de doarpen. It kolleezje wol graach ynhâldlik op "Boarnsterhim yn petear" reageare. Dat freget lykwols wol in goede tarieding. Yn it riedsprogram stiet dat wurkgelegenheid in hiel wichtich punt is. Ien fan de punten dy't passé yn dat belied binne de GreidewinkelsDe Greidewinkels komme dus net samar út de loft fallen. De advizen oangeande it multimodale sintrum by Jirnsum sille meinommen wurde. De punten fanút de Blauwe Sône binne ferwurke yn it bestimmings- plan bütengbiet. It kolleezje tinkt dat maitiid/simmer 1996 it bestimmingsplan fêststeld wurde kin. Mei it útstreambelied sil ynkoarten mei faasje begûn wurde. Der moat, om minsken oan it wurk te helpen, ek soarge wurde foar goede bedriuwsterreinen en goede kontakten mei it bedriuwslib- ben. Der wurdt wurke oan de revitalisearing fan it bedriuwster- rein yn Jirnsum. Yn de kommisje sil ynkoarten de oanpak fan Akkrum oan 'e oarder komme. Oant no ta is der dit jier 3,5 ha bedriuwsterrein ferkocht. It kolleezje is mei faasje mei it Wetterfront oan de gong. Dat moat wol hiel soarchfâldich oanpakt wurd. Der is in belied op de bysûndere bystân makke. Ein takom jier sil der oer praten wurde oft dat belied ek slagge is. Alles wat bystân oanbelanget is maatwurk. De arbeidsplicht jildt foar elkenien. Foar âlden mei bern fan 6 oant jier binne der wat mooglikheden, mar ek dan sil it it gefal besjoen wurde moat. It kolleezje hat in soad op priemmen. Der sil besjoen wurde moatte oft ek mei miljeubewust bouwen oan 'e slach gien wurde kin. N0T1311/0/H/BR0UWERJ/21

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 22