- 24 - De wethouder reageert wat te gemakkelijk over de afvalstoffenhef fing. Haar fractie heeft kostendekkendheid als uitgangspunt. Zij wil voorkomen dat de gemeente aan de haal gaat met de centen van onze burgers. Daarom wil zij nu daden stellen door haar voorstel te handhaven de aanslag met f 27,00 te verlagen. De hear De Jager seit dat syn fraksje wat de óffalstoffenheffing oanbelanget achter it kolleezje stiet. As de 4 ton dy't der no oer is takom jier der wer by moat, soe dat ek gjin goede saak wêze. De skógings fan oare partijen jouwe syn fraksje gjin reden ta opmerkings. De hear Van der Baan seit dat hy it folslein mei de foarsitter iens is dat yn de gemeentepolityk it monistyske systeem jildt. Mar de dualistykse trekjes dy't üntstien binne binne ek in feitlikheid. Dat leste leit him oan it kolleezje. Al wol hy ek wol tajaan dat der yn de ried net altiten op de krekte wize op saken yngien wurdt. Dêrom soe it goed wêze dat der in oer- lisfoarm fan bygelyks de fraksjefoarsitters en it kolleezje komt om stânpunten út te wikseljen. Dat hat dan neat mei sletten gearkomsten te krijen. Der wurdt net altiten like adekwaat troch it kolleezje reagearre op wat der út de befolking wei komt. Hy wit dêr genóch foarbyl- den fan te neamen dat der bygelyks gjin oerlis fierd is mei boargers Syn fraksje fynt it goed dat it kolleezje prioriteit jout oan it weiwurkjen fan de achterstân yn de organisaasje. Hy hopet dat dat slagje sil. As it kolleezje tinkt dat f 90,00 foar in abonnemint op de riedsstikken mar in lyts bedrachje is dan jout dat dochs wer de ôfstân tusken bestjoer en boargers oan. In hiele protte minsken kinne dat jild net misse. Der binne seis minsken dy't de krante opsein hawwe omt dat te djoer wurdt. Foar de iepenheid dy't neistribbe wurdt soe it mooglik makke wurde moatte dat elkenien de riedsstikken krije kin. Wvg-jild is jild dat de minsken takomt. De oerheid soe net sa fanút de ivoaren toer wei sizze moatte wat goed foar de minsken is. Wat goed is is dat minsken net beheind wurde yn it krijen fan foarsjenningsSyn fraksje wol de eigen bydrage dêrfoar ferfalle litte. Ut in ûndersyk fan de regio Noard-Fryslân docht bliken dat dat in besuniging fan f 7,00 opsmyt by de behanneling fan de oanfragen. Op de fragen oer de greidewinkels en de reklameboerden hat hy noch gjin antwurd krigen. Iepenbiere gearkomsten sitte somtiden risiko's oan. Mar it karak ter fan de iepen demokrasy bringt dat mei. Sletten gearkomsten moatte der sa min mooglik wêze. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie het met de voorzitter eens is dat er een "wijgevoel" moet ontstaan. Dat gevoel ontstaat naar zijn mening vooral door de stijl van het management. De voorzitter gaat voorbij aan het feit dat beleidsvoorbereiding en -uitvoering bij het college liggen. Het "wijgevoel" kan alleen ontstaan als voorbereiding en uitvoering perfect zijn geregeld. Kwaliteitsverbetering van de organisatie is een proces van ja ren. Om niet het gevaar te lopen dat we ons verschuilen achter fusies in het verleden vindt zijn fractie dat het college doel stellingen moet noemen met daarbij de tijdslijnen en de kosten die daaraan verbonden zijn. N0T131l/O/H/BROUWERJ/24

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 25