- 26 - De befolking hat de kâns krigen yn "Boarnsterhim yn petear" om rjochtstreeks mei it kolleezje te praten. Dat wie in goede saak. Lykwols hat hy sein dat dêr net al te folie ferwachtingen wekt wurde moasten. Syn fraksje wachtet de risseltaten, dy't no tarieden wurde troch in kolleezje, óf. Hy hat noch gjin réaksje hân op syn opmerking oer de relaas je gemeente-wentebouferiening. Hy bliuwt derby dat yn 1996 ta definitive fêststelling fan it be- stimmingsplan bûtengebiet oergien wurde kin. Hy freget it kolleezje hoe't hy tinkt de nije ûntwikkelingen yn it ûnderwiis oan te pakken. Syn fraksje wol him der foar ynspan- ne dat der dizze riedsperioade noch in beslút komt oer de nije wize fan bestjoer fan it iepenbier ûnderwiis. Ek fanút it fjild wei is dêr grut ferlet fan. Al dy saken dy't fan belang binne by de omgang mei de boargers passé yn in kommunikaasjeplan. It soe in hiele goede saak wêze dêr dúdlike kaders en spulregels yn fêst te stellen. Ek in goede klachtenófhanneling en in ombudsfunktionaris soene dêr goed yn passé. It hie better west de beliedskaders dêr't greidewinkels en oerslachhaven yn passé goed te sketsen sadat der in bettere diskusje fierd wurde kind hie. De ried moat syn eigen posysje kieze en dat net ófhingje litte fan wat oaren dêrfan tinke en skriuwe Syn fraksje fynt dat der stribbe wurde moat nei stabilisaasje fan de belestingtariven. Dat is in bettere wei dan no in kadootsje jaan en takom jier dochs wer hegere tariven freegje. It liket him net ferstannich no ad hocbesluten oangeande de Wvg- jilden te nimmen dy't letter miskien wer bysteld wurde moatte. Earst moat de evaluaasje mar ris wêze. Hy is bliid mei de ynisjativen om ta effektiver en effisjinter gearkomsten te kommen. De presintaasje fan wurklistpunten kin dan in grutte bydrage leverje al sil de ried ek in foarbyld stel le moatte. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje him oer it generaal fine kin yn de antwurden fan it kolleezje. Hy is bliid dat it kolleezje seit wat oan de klachten dwaan te sillen. De ried moat ek seis der wat oan dwaan troch nei de minsken ta de stappen en mei harren oer de klachten prate. It strategyske tinken dêr't de foarsitter it oer hat betsjut foarütsjen. Troch ûnder oaren de bestjoerlike fernijing wurdt besocht oan de takomst te wurkjen. Yn dit ramt goede dingen dwaan freget in protte tiid en diskusje ek yn de ried. Hy fynt dat de ried dy tiid ek nimme moat. Syn fraksje is net foar in fraksjefoarsittersoerlis sa't de hear Van der Baan dat wol. Hy soe graach noch wat hearre oer it doarpsbehear. Der moat op de Ontwikkelingen yn it ûnderwiis ekstra de klam lein wurde, oars is it aansens te let. De foarsitter slüt de gearkomste tydlik om 12.55 oere foar it mid- deisskoft. De foarsitter weriepenet de gearkomste om 14.10 oere. N0T1311/0/H/BR0ÜWERJ26

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 27