- 27 -
De foarsitter seit dat de ried fan it kolleezje witte moat dat
as net yngien wurdt op winsken it kolleezje dat docht op grûn
fan arguminten. Troch arguminten oan te fieren wurdt besocht de
stipe fan de ried te krijen.
De ried, mar ek ien riedslid, kin altiten by it kolleezje telâne
mei klachten fan boargers.
It kolleezje wol, wat de belestingtariven oanbelanget oan op in
duorsum belied. In nei ûnderen geande line it leafst. It útstel
fan de V.V.D. is wol sympatyk, mar de fermindering fan ünfoar-
sjoen dy't dêr yn neamd wurdt kin it kolleezje net mei ynstimme.
As it bedrach de ynwenner werombrocht wurdt nei f 3,50 dan is hy
bang dat der net foldwaande romte oerbliuwt foar ienmalige saken.
De oanslach foar de Gasunie is de doar út mar noch net betelle.
Dêrtroch komt der ek gjin ekstra jild. It is krekt sa dat dat
jild no noch mist wurdt.
"Boarnsterhim yn petear" is goed slagge. De tradisjonele ynspraak
is, sa tinkt it kolleezje, net altiten foldwaande. Der moat mei
de boargers praten wurde oer de saken dy't harren op it hert
lizze, ek oer saken dêr't de útkomst noch net fan bekind is.
It kolleezje wol gjin blokkade opsmite foar in fraksjefoarsit-
tersoerlis. It kolleezje wol graach yn harmony mei de ried kom-
muniseare om sa de goede dingen te dwaan. As in fraksjefoarsit-
tersoerlis ta dat doel liede kin is it kolleezje ree mei te
dwaan
De riedsstikken fergees beskikber stelle giet it kolleezje te
fier, alhoewol't de arguminten fan de hear Van der Baan wol be
grepen wurde. Miskien is der yn it minimabelied noch wat mei te
dwaan. Der kin wol praten wurde oer it pakket dat beskikber
steld wurdt, bygelyks it taryf fan f 50,00 foar it ôfheljen fan
de riedsstikken en it feit dat de begruttings stikken der no net
byhearre
Fansels is iepenbierheid fan bestjoer de line. Somtiden is it
lykwols nedich achter sletten doarren te praten as it oer
minsken giet as strategyske risiko's dêr't in protte jild mei
anneks is.
As it "wygefoel" fan ried en kolleezje fersterke wurde kin troch
der goed meielkoar oer te praten is dat in goede saak. Krekt sa
as dat it goed is dat de ried it kolleezje kritysk folget.
Yn de kommisje sil wiidweidich stilstien wurde by it ferbetter-
proses fan de amtlike organisaasje en it tiidskema dat dêrby
heart. Der moat lykwols wol betocht wurde dat de amtlike orga
nisaasje hyltiten yn beweging bliuwt.
It kolleezje is ree alle ynformaasje oer it syktefersom te jaan.
Dat de outplacementregeling mar in beheinde wearde hat sa as de
hear Jonkers sei, is sa ynjûn troch de V.N.G.
De suggestje foar in klachtenline wurdt net oernommen. It kol
leezje hat it gefoel dat de minsken ek sa de wei wol witte. Yn
it ramt fan it kommunikaasjebelied sil wol by de klachtenôfhan-
neling stilstien wurde. Miskien kin der troch de ynskeakeling
fan in "lokale tredde" ek noch in stik neutraliteit yn brocht
wurde.
De riolearing fan it bûtengebiet sil ek meinommen wurde yn de
rioleringsplannen. Soks kostet lykwols in hiel protte jild en it
kolleezje is der noch net út hoe't dat betelle wurde moat. In
soad gemeenten sitte mei deselde handikap. Mei de provinsje en
mei de wetterskippen sil praten wurde moatte hokfoar oplossing
der keazen wurde sil.
N0T1311/0/H/BR0UVESJ/27