- 32 - contributies voor sportverenigingen, zangkoren, muziekkorp sen, dansgroepen, toneelverenigingen, hobby-en creativi- teitsclubs en belangenverenigingen; entreekaarten en seizoenkaarten voor sportevenementen. Een bijdrage is mogelijk voor personen: zonder eigen vermogen (maximaal anderhalf maal de maande lijkse uitkering) diegenen die tenminste 3 jaar of langer tot de minima moe ten worden gerekend. Er wordt getracht "maatwerk" te leveren en in uitzonderlij ke gevallen mag in positieve zin van de genoemde f 50,00 worden afgeweken. De financiële dekking komt conform het collegevoorstel uit de bijzondere bijstand. Eind 1996 zal een evaluatie van de regeling plaatsvinden. Wethâlder De Boer seit dat yn 1996 de nABW yngiet. Dêr hearre allegear rjochten en plichten by. Dêrby oanslutend wol it kol- leezje foar minsken dy't op it minimum en yn in sosjaal isole- mint sitte wat dwaan, mar dêr wol sjoen de besetting fan de amtlike organisaasje hiel foarsichtich mei begjinne. Der sil starten wurde mei de minsken dy't al in útkearing fan de gemeen te krije. It kolleezje wol ek gjin fêststelde bedragen mar it it gefal besjen. De hear Van der Baan is it alhiel mei it kolleezje iens. Sa't it kolleezje it útwurkje wol is de meast praktyske wize. De hear Postma seit dat syn fraksje it in sympatyk amendemint fynt, al binne der wol tûkelteammen. Wêr is bygelyks sprake fan in oanbodsubsydzje foar ynstellings en wêr wurdt de fraach subsidieare. Trochdat de gemeente yn de wolwêzensektor nochal besunige hat binne de eksploitaasjelesten fan dy organisaasjes en dêrtroch de kontribúsjes omheech gien. Hy fynt it wat diskri- minearjend tsjin dy minsken oer dy't yn stilte earmoede lije as de gemeente earst begjinne wol mei de minsken dy't in útkearing fan de gemeente krije. Mooglik ek binne der saken dy't út de bysûndere bystân finansierd wurde kinne. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje it kolleezje stipet. It is goed earst op dizze wize ûnderfining op te dwaan. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje it mei dy fan de F.N.P. en it C.D.A. iens is. Mevrouw Aukes zegt het amendement vrij gedetailleerd te vinden. Dat heeft ook een keerzijde. Het lijkt haar beter de benadering van het college te volgen. De hear Roorda seit dat hy it net direkt in neidiel neamt dat de útwurking frij wat konkreet is. It jout de minsken ek in stik dúdlikheid. Hy hanthavenet it amendemint. Wethâlder De Boer seit dat dizze bydrageregeling foar in part yndied wol in réaksje is op de besunigingen út it bestjoersplan. Omt it om in yndividuele bydrage giet past it ek yn de bysûndere bystân. As it foar in hiele kategory minsken jilde soe soe dat net it gefal wêze. It kolleezje stelt út it sa te dwaan as sy yn earste termyn sein hat. N0T13U/0/H/BR0UWEBJ/32

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 33