Wol hat it kolleezje sein ree te wêzen eksterne ekspertise ta te stean foar it yn bild bringen fan de ûnderhâldstastân fan de fjilden. Hy slút oan by de miening fan de hear Van den Berg om de f 150.000,00 te parkearen en mei útfiering te wachtsjen oant der in goed plan is. De hear Van der Baan konstatearret dat de besprekkings mei de federaasje fêstrûn binne en dat der by de ferienings grutte betizing is. In gebrek oan goede kommunikaasje dus. Syn fraksje fynt dit net it goede momint om mei dit útstel te kommen. It kol leezje moat earst soargje der út te kommen mei de F.S.B. i.o. Hy tinkt dat it bedrach fan f 150.000,00 fierstente min is. Syn fraksje kin wol ynstimme mei it útstel dit jild earst mar te parkearen. Hy fynt ek dat der net sa stiif oan de útgongspunten fêsthâlden wurde moat. De hear Van den Berg wol nochris yn it omtinken bringe dat der yn 1993 in beslút oer de besuniging nommen is sûnder dêrby oan te jaan op hokfoar wize dy besuniging stâl krije moat. It is dan ek net terjochte it kolleezje hjir ferantwurdlik foar te stel len. De ried moat bepale op hokfoar wize de privatisearing ta stâl komme moat. Dan kin it kolleezje mei dy útspraken op haad- linen fierder. Hy fynt dat der wol in beslút oer de f 150.000,00 nommen wurde kin. Hy noeget it kolleezje út mei in notysje te kommen mei útgongspunten. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje net mei de hichte fan it bedrach ynstimme kin omt absolút net bekind is hoefolle it opknappen kostje moat. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 18.10 oere foar oerlis De foarsitter weriepenet de gearkomste om 18.40 oere. De foarsitter seit dat it kolleezje de kwalitative útgongspun- ten, sa as yn it útstel neamd, sa fêststelle wol. Dy útgongspun- ten sille brûkt wurde yn it petear mei de organisaasjes dy't de sportakkommodaasjes beheare. Dat petear oer de kwaliteit fan de fjilden sil net op de milimeter hâlden wurde. De finansjele beheining fan f 150.000,00 bliuwt oerein. Wethouder Van den Berg zegt dat er opnieuw met de federatie en de sportstichtingen gepraat zal worden. Wat dat betreft komt het college ook tegemoet aan de vragen van de raad. De foarsitter slút, op fersyk fan de hear Van der Baan, de gearkomste tydlik foar oerlis om 18.45 oere. De foarsitter weriepenet de gearkomste om 19.00 oere. De hear Postma ferwurdet it stânpunt fan de trije fraksjes dy't meielkoar oerlein hawwe. Sy gean akkoart mei de beskikberstel- ling fan f 150.000,00 mei dêrby de tasizzing fan it kolleezje dat der in petear wêze sil mei de ferienings en d F.S.B. i.o. Fierders wol it kolleezje graach mear ynisjatyf út de doarpen wei om de behearskosten te beheinen. Kloppet dat? - 40 - N0T1311/0/H/BR0UWERJ/40

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 41