- 3 - De hear Van der Baan seit dat syn fraksje al earder sein hat de foarstiene wize fan werynrjochtsjen fan de Stationsweg net ferstannich te finen. It lei neffens him wol foar de hân dat Grou net akkoart giet mei dizze werynrjochting. Alderearst omt it plan net doocht. Mar ek de wize fan ynsprekken is net sa' t it wêze moat. Gefolch: in protte protestbrieven en in fersteurde kommunikaasjeHelte slimmer is noch dat der eins gjin ferkears- belied is. De ried kin dus de plannen nearne oan toetse. Hy bynt it kolleezje op it hert no dan eins ris mei in ferkearsbelieds- plan te kommen. Lykwols, de saak moat wol op 'e rails. It kol leezje moat mei in goed útwurke plan foar de Stationsweg komme. Al earder hat hy frege oft in feroaring fan it bestimmingsplan ek nedich wêze soe. Dy fraach hat hy noch hyltiten. De hear Veldstra seit dat syn fraksje noch deselde miening hat as op 23 maaie 1995 doe't besletten is ta de werynrjochting. Undertusken is der wol parkeargelegenheid foar grutte evenemin- ten fuortfallen. It kolleezje sil dêrfoar wol mei alternativen komme moatte. Dizze alternativen hoege net oan de werynrjochting keppele te wurden. Weromkeppeling fan de werynrjochtingsplannen nei de bewenners ta is, sa begrypt hy, ünfoldwaande bard. Hoe stiet it dêr no mei en binne der al oplossings. Wethouder Van den Berg zegt dat het college vindt dat er eerst een verkeersbeleidsplan en dan een verkeerscirculatieplan voor Grou moet komen. Daarnaast heeft er binnen de dorpsvernieuwing ook een soort verkeersafwikkelingsplan gespeeld. Er is sprake van een herhaling van zetten gezien de opmerkingen die gemaakt zijn. Er is immers uitgebreid gesproken over de parkeerplaatsen, de inspraak en de as en de breedte van de weg, er zijn vragen gesteld en antwoorden gegeven. Er is veel inspraak geweest met de bewoners van de Stationsweg, er is aanschouwelijk duidelijk gemaakt hoe een weg van 6 meter er uit ziet tijdens een busrit waar zeer veel mensen aan hebben deelgenomen. Alleen de laatste terugkoppeling naar de insprekers is helaas achterwege gebleven. Dat heeft het college ook al meerdere malen toegegeven. Een hoofdtoegangsweg van 6 meter is breed genoeg ook al moeten er fietsers en voetgangers over die weg. In vele plaatsen is er al zo'n toegangsweg en die voldoet prima. Er moet inderdaad een verkeerscirculatieplan met daaronder de beleidsuitgangspunten komen. Zij verzekert de raad dat de herinrichting van de Sta tionsweg, zoals die nu uitgevoerd wordt, prima past binnen de plannen die er nog moeten komen. Er zal aparte parkeerruimte gecreëerd worden ten behoeve van de grote evenementen. De foarsitter seit dat de hear Jonkers terjochte opmurken hat dat der in algehiele revisy fan de ynspraakprosedueres plakfine moatte soe. De film fan de Stationsweg weromsjend is folslein dúdlik dat der in hiele protte praten is, der binne in protte advizen frege en nota's skreaun sûnder dat der wat barde. Ek yn oare sitewaasjes as de werynrjochting fan de Stationsweg is dat sa. De boargers snappe dêr fansels neat fan. Oan de begjin fan in proses moat al folslein dúdlik wêze hoe't de prosesgong der fierder útsjocht en wêr't de ynspraakmooglikheden lizze, wêr de beslismominten en wannear't in wurk diedwurklik útfierd wurde sil. It kolleezje hat dan ek besletten by it begjin fan sa' n proses dat tiidspaad oan'e stikken ta te heakjen. Fanôf 1985 binne der talleaze mominten west dat oanbelangjenden harren miening kenber meitsje koene oer de werynrjochting fan de Sta tionsweg. NOT2002/0/H/BROUWERJ/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 46