- 5 - De foarsitter tinkt dat in oarsaak fan it útbliuwen fan it ferkearsbeliedsplan ek wêze kin dat it ünfoldwaande prioriteit hân hat. It bestimmingsplan bütengebiet stiet der oan te kommen en de ried mei it kolleezje der absolút oan hâlde dat dizze perioade ek it ferkearsbeliedsplan der komt. It trasé fan de Stationsweg is bestimmingsplantechnysk yn oarder. Dat der hyltiten wer brie ven skreaun wurde kin op himsels gjin reden wêze om dêr fier- geande konklúzjes oan te ferbinen. Yn it brief fan de GWHI bygelyks leit it aksint op de parkearproblematyk. Der is ek yn in goede sfear in petear west mei de GWHI. It giet net op dat der in brief is en dus ûnrêst. It kolleezje hat in soad dúdlik- heid jûn. It kolleezje wol yn april noch bést ris mei de minsken fan Grou prate oer hoe't de Stationsweg der út komt te sjen. Dat sil lykwols gjin konsekwinsjes hawwe foar de trasearing en de dimen- sionearing fan de dyk. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 3Voorstel tot benoeming van de heer J.H. Smittenberg tot lid van het algemeen bestuur van de gemeenschappelijke regeling "Wester go". De hear Van der Baan seit dat syn fraksje him ôffreget werom wethâlder Smittenberg foardrûgen wurdt. Dizze beneaming hat gjin inkelde relaasje mei syn portefúlje. De portefúljeferdieling op himsels besjoen is ek net helder op bygelyks it terrein fan de romtlike oardening. Hy komt net oan it foech fan it kolleezje mar soe hjir graach dochs wat mear fan witte wolle. De foarsitter seit dat yndied de logika yn de ferdieling fan de portefúljes net altiten oanwêzich is. Ek de politike ferhâldings binne der debet oan. No is it wol sa dat it kolleezje it belied fiert en net it lid fan it kolleezje. Yn de wurkfoarsjenning wurkje minsken dy't ekstra soarch nedich hawwe. Dat past wol by de portefúlje fan wethâlder Smittenberg, dêr't bygelyks edukaa- sje ek yn sit. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De heer Smittenberg wordt bij acclamatie benoemd. 4. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van een aantal verbeteringen van het gemeentekantoor De heer Jonkers zegt dat zijn fractie, gezien de uitspraken in de raadsvergadering van december 1995, geacht wil worden te heb ben tegengestemd. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. De fractie van Gemeentebelangen verkrijgt de aantekening tegen dit voorstel te zijn. 5. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het woonrijpmaken van Terherne Noord. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje by de stikken de eksploitaasje-opset mist. Der lei inkeld in kostenbegrutting. Syn fraksje stelt út dit riedsútstel yn de folgjende gearkomste te behanneljen. NOT2002/O/H/BROUWERJ/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 48