- 6 - De foarsitter seit dat der foar de kommende perioade ütstellen nei de ried komme oer hokfoar stikken der by ditsoarte fan ütstellen op besjen lizze moatte. Yn elts gefal heart dat in eksploitaasje-opset te wezen. Hy freget oan de ried no wol dit kredyt beskikber te stellen omt men graach it wenrypmeitsjen foar de simmer klear hawwe wol. Hy seit ta dat de beskikbere eksploitaasjesifers oan de kommisje AZW foarlein wurde sille. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje akkoart gean kin ünder de betingst dat de ried de eksploitaasje-opset noch krijt. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 6. Voorstel tot het nemen van een voorbereidingsbes luit op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Nummer 3 De hear Van der Baan seit dat syn fraksje tsjin dit ünderdiel fan it ütstel is. Hy is bang foar presedintwurking. Wethâlder De Boer fynt it spitich dat de fraksje fan de F.N.P. net yn 'e kommisje yngien is op dit ütstel. Yn 'e kommisje kin nammentlik wiidweidich en mei amtlike bystân diskussiearre wurde. Oer dit punt is oerlis west mei it Fryske Gea, dy't posityf advisearre hat. Der is gjin sprake fan presedintwurking omt alle gefallen wer oars binne en apart besjoen wurde moatte. Nummer 5 De hear Van der Baan seit dat syn fraksje ek tsjin dit ünderdiel is fanwegen it plak dêr't dit bedriuw fêstige is. It giet hjir om in gesichtsbepalend plak dêr't, as dizze bestimming der oan jün wurdt, ek oare bedriuwen as bygelyks in autosloperij fêstige wurde kin. Wethâlder De Boer seit dat ek hjir besjoen is oft dit bedriuw passend is yn de omjouwing. Nummer 3: De hear Van der Baan seit dat der al maatwurk levere is, elts oanlisplak is ynbestimd. It liket him ta dat dêr net mear yn omrommele wurde moat. Dat is Fryske Gea gjin beswier hat is moai, mar de ried sil beslute moatte en net it Fryske Gea. Wethâlder De Boer seit dat de ôfspraak is dat it Fryske Gea om advys frege wurdt. De ried nimt it beslüt. Nummer 5: De hear Van der Baan freget oft hjir in autosloperij keard wurde kin. De hear Oosterhof seit dat de wethâlder al sein hat dat dat it gefal is. Wethâlder De Boer seit dat der gjin autosloperij komme kin op dit terrein. It wurdt ynbestimd op it bedriuw dat der no is. N0T2002/0/H/BR0UWERJ/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 49