- 7 - De hear Zijlstra fynt it spitich en ferwûndert him deroer dat de fraksje fan de hear Van der Baan net yn 'e kommisje réagearre hat. Dat is it plak. Wethâlder De Boer seit dat de kommisje der is om yn detail te diskussiearjen. Dêr is ek amtlike bystân oanwêzich. Yn de ried kin dan noch op haadlinen praten wurde en fansels nimt de ried de besluten. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De fractie van de F.N.P. verkrijgt de aantekening geacht te willen tegen de punten 3 en 5 te hebben gestemd. 7Voorstel tot vaststelling bedieningstijden gemeentelijke bruggen. Wethouder Van den Berg leest de brief voor van ondernemers onder andere uit Terherne, waarin om een uniforme regeling wordt ge vraagd. Mefrou Santerna seit dat dit ütstel yn earsten posityf oerkomt. Want as jo op it wetter binne duorret de dei jo grif te koart. Har fraksje begrypt lykwols net dat dit útstel wol in heal jier op it kantoar lizzen bleaun is foardat it yn de ried oan e oarder komt. Of rune simmer wie it kolleezje al op 'e hichte fan it fersyk fan de Marrekrite. Wêrom moat Boarnsterhim ôfwike fan de regeling yn de rest fan de provinsje? As provinsje (en NS foar de spoarbrêge) net meiwurkje wolle oan in rommere regeling sit de wettersporter yn Boarnsterhim opsluten. Wol de provinsje oan dizze rommere regeling meiwurkje?. Yn de moannen dat de Hearensylsbrêge ticht bliuwt moat de wettersport kombinearre wurde mei de beropsfeart en wurdt in alternative rûte foar de wettersport fuortsmiten. De Hearensylsbrêge moat ek begjin en ein seizoen draaie foar de wat gruttere skippen fan de ferhier- float. De Marrekrite wol harmonisearing fan de brêgetiiden, mar Boarnsterhim wol wer krekt wat oars. Wat binne eins de kosten fan dizze oare regeling foar Boarnsterhim? De hear Postma seit dat syn fraksje pleitet foar unifoarmiteit yn de brêge-iepeningstiiden. Hy is ek fan betinken dat de wetter- sportgemeente Boarnsterhim dêr in paadsljochter foar wêze moat. Syn fraksje is der op tsjin dat de Hearensylsbrêge útsluten wurdt fan de unifoarme regeling. Der moat dúdlikheid oan de rekreanten bean wurde. Mei dit ütstel is dat krekt net sa. De Sânsleat brûke as alternative rûte stiet heaks op it belied om berops- en rekreaasjefeart te skieden. Syn fraksje soe him yntinke kinne dat it kolleezje mei in ütstel komt dat allinne de brégen dy't de doarpen üntslute langer iepen bliuwe. Dat liket syn fraksje in bettere opsje. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje achter de foarige sprekkers stiet. Hy heakket it folgjende ta. De Marrekrite hat alle war dien in unifoarme regeling te krijen. Wethâlder Van den Berg hat dêr ek o sa har bést foar dien en is bygelyks fûl ütfallen nei de gemeente Ljouwert. It is dan ek hiel opfallend dat Boarnsterhim no ôfwike wol fan dy unifoarme regeling. De hear Roorda seit dat it yn it ütstel giet om in positive ôfwiking fan de Marrekrite-regeling. Syn fraksje is dêr wol mei ynnommenTroch de Hearensylsbrêge yn april en oktober ticht te hélden kin de ekstra iepeningstiid betelle wurde. NOT2002/0/H/BROUWERJ/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 50