No't de begrutting foar üs leit wolle wy begjinne mei in kompli- mint oangeande de by de begrutting oanlevere oanbiedingsbrief dy't üs in helder byld jout fan de finansjele posysje fan de gemeente Ear't wy mei de begrutting begjinne liket üs in algemiene skôging op it ôfrûne jier en nei it kommende jier ta fan belang. Wy konstatearje dat it ôfrûne jier bestjoerlik sjoen net ta de béste jierren rekkene wurde moat. Wy hawwe bewündering foar it hurde wurkjen fan it kolleezje mar it risseltaat is net nave nant. Yn it ôfrûne jier binne wy mei tal fan plannen konfron- tearre. Plannen, dy't in protte opskuor joegen en dan binnen de koartste kearen in sêfte dea stoaren: plannen binnen de JAG- trijehoeke, plannen op de Minne Finne, plannen foar Greidewin- kels. Underwilens konstateare wy dat binnenskeamers (de amtlike organisaasje) de saken noch net op oarder lizze. Sterker noch: neffens üs soe it kolleezje der goed oan dwaan om alle enerzjy te brüken om dat foarelkoar te krijen. Koartsein: Earst binnen, yn hûs himmelje ear't jo bûtenom dogge. It wiffe lykwicht binnen it kolleezje jout üs soargen. Soks uteret him dan ündermear yn it feroarjen en dan opnij feroarjen, binnen de koartst mooglike tiid, fan de portefüljeynhâlden. It soe in goede saak wêze at der mear stabiliteit kaam. Wy soene fan it kolleezje witte wolle om hokker reden dy feroaring wer ombügd is? It oerlis mei de ried soe neffens üs oars moatte. Sletten gear- komsten liede ta üntrochsichtbere beslütfoarming en taaste it iepen karakter fan de demokrasy oan. It komt ek foar dat by winske oerlis fan de kant fan it kolleezje net oanjün wurdt wat der krekt besprutsen wurdt. Wy fersykje it kolleezje tenei foarôf dat düdlik oan te jaan. Om in bettere kommunikaasje te befoarderjen soe neffens de F.N.P.-fraksje in geregeld oerlis mei de fraskjefoarsitters fan belang wêze kinne benammen no't de ried in mearkleurich spektrum hat. Twad soe it sa wêze moatte dat de tasizzings fan it kol leezje nei de ried ta fêstlein wurde en alle moannen yn in skema fan tasizzings neirûn. It plan om geregeldwei mei de befolking yn petear te kommen, bliuwt efter by de earder oproppen ferwach- tings. Wat docht it kolleezje no fierder? Komme der opnij pet earen en wannear? Op dit stuit is de F.N.P.-fraksje net alhiel gerest op de rol dy't it kolleezje takenne wol oan de ried. Wy binne teloarsteld oer de gong fan saken by in beneamingspro- seduere, mar sille op dit stuit earst jimme andert op üs skriuwen ôfwachtsje ear't wy in definityf oardiel jowe. Wy hawwe it gefoel dat der wat broeit en dat it kolleezje wach wêze moat en better nei de tekens dy't út de maatskippij komme harkje moat. Ek dat it kolleezje allerhanne plannen yn'e holle hat mar him net de tiid gunt om dy plannen rypje te litten en eigensinnich syn wegen giet. Soks sil ta frustraasje en ferset liede. De stratezjy om yn gefallen de ried foar it blok te setten moat feroare wurde. In hoeden en rêstige oanpak, mei de ynset om yn goed oerlis en yn goede harmony ta risseltaat te kommen heart ütgongspunt te wêzen. Op dy wize sil it kolleezje op stipe rekkenje kinne fan'e ried en tefoaren komme dat wy troch gebrek oan bestjoerskrêft willeas slachtoffer wurde fan in weryndieling. SOKS SOE IT LESTE WEZE MOATTE!II11 Ek dy tekens moat it kolleezje ferstean. - 7 - N0T1311/0/H/BR0UWERJ/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 8