- 7 - Zijn fractie kan instemmen met de voorstellen van het college voor de afzonderlijke onderdelen van het rapport. Met dien ver stande dat zijn fractie met het college van mening is dat de voorstellen van de stuurgroep ten aanzien van de politie gekun stelde compromissen lijken. Deze zaak moet na de evaluatie van de Politiewet nog weer op de rol komen. Ook de procedures voor de ruimtelijke ordening zullen verduidelijkt moeten worden. De hear Van der Baan jout it kolleezje in komplimint foar de dúdlike réaksje. In minpuntsje jout hy foar it feit dat de definitive fersy fan it útstel pas in dei nei de fraksjegearkom- ste fan syn partij binnenkaam is. Dit hie fan gefolgen dat de achterban fan syn fraksje him net oer it útstel útsprekke koe. Hy trunet der dan ek op oan de stikken op 'e tiid de doar út te dwaan. Oan de oare kant, bestjoerlike femijing is in saak foar de bestjoerders en boargers steane net yn 'e rigele om dêroer mei te praten. Syn partij hie altiten hege ferwachtings fan* e bestjoerlike fernijing. Benammen omt hy ferwachte hie dat net allinne pro- vinsje en gemeenten mar ek it ryk meidwaan soe oan 'e werf- erdieling fan taken mei as gefolch dat de gemeenten fia de provinsje mear foech krije soene. Dat is der spitigemôch net fan kommen. De earst troch de steatssiktaris taseine lex specia- lis is der net kommen. Hy hie graach wollen dat der op it mêd fan taal en kultuer in spesjale wetlike regeling foar Fryslân mooglik wurde soe. Doe naam it entûsjasme fan syn fraksje al wat of. Letter kamen der lüden út Den Haach dat dit yn Fryslân ûntwikkele model ek tapasber wêze moatte soe foar de rest fan it lân. Hy freget him no dan ek óf wat der úteinlik telâne komme sil fan de útwerking sa't hy him dy foarstelt. It rapport bliuwt wat faach. Der steane allerhanne kompromissen yn en sa wurdt der gjin helder byld jün fan wat der allegearre barre sil. Syn fraksje wol noch wat sizze oer de romtlike oar- dening. Hy hat de idee dat dêr noch wol wat tûkelteammen sitte sille omt de struktuerplannen/bestimmingsplannen de gewoane boarger nauliks noch de mooglikheid ta ynspraak jouwe. Hy makket him dêr soargen oer. Yn de miljeuparagraaf is net helder hoe't alles útwurke wurde sil. Der is wat dat oanbelanget alris in suggestje dien om foar miljeusaken in aparte amtner, in saneamde casemanager, oan te stellen. Hy freget oan it kolleezje dêr nochris omtinken oan te jaan yn de réaksje. Oer de útstellen oangeande de plysje hat syn fraksje in oare miening as it kol leezje. Hy fynt dat de foarstiene regeling gjin demokratyske legitimaasje hat. Om dy reden is syn fraksje fûl tsjin it stân- punt fan it kolleezje. Hy hat echt net de idee dat it Regionale College sa geweldich funksjonearret. It past ek net by de fer- dieling fan foech tusken de trije bestjoerslagen. Syn fraksje hat gjin problemen mei de omgongsbepalingen foar it oerlis tusken FVG en it ryk. Foar de rest giet syn fraksje akkoart mei it útstel. De hear Van den Berg konstatearret dat der yn de ried in grutte ienriedigens oer de útstellen bestiet. Yn de kommisjegearkomste binne troch de fraksjes kanttekenings by de konsept-réaksje jün. Mei dy kanttekenings is yn it definitive útstel goed rekken hélden. Syn fraksje hat benammen de finger lein by de plysje, Ljouwert haadstêd, de rol fan it stedsgewest en de kommunikaas- jestruktuer. Gearfetsjend seit hy oer de plysje dat de spanning sit tusken de lear en de praktyk. N0T18MRT/0/H/HAINJEA/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 11