- 8 - De lear giet út fan rjochtstreeks keazen folksfertsjintwur- digers. De praktyk is dat de gearwurking mei de plysje yn Boarn- sterhim goed ferrint. It útstel om te wachtsjen op de lânlike evaluaasje fan de Politiewet liket syn fraksje goed ta. Ek hy is benijd nei de réaksje op de parseberichten oer in nije reor- ganisaasje by de plysje. Ek foar it stedsgewest jildt dat der spanning sit tusken lear en praktyk. De lear seit dat der gjin helpstruktueren as in steds gewest wêze moatte soene. It liket him de baas ta de ARHI-dis- kusje óf te wachtsjen. Dêrby giet hy der fan út dat Boarnsterhim Boarnsterhim bliuwt. Hy kin him yntinke dat in protte boargers fine dat bestjoerlike fernijing in foarm fan amtlike wurkferskaffing is. De tiid fan praten moat no dan ek ófsletten wurde en de boargers moatte aanst wier wat merke kinne fan dizze bestjoerlike fernijing. Oars sil der aanst konstatearre wurde moatte dat bestjoerders in ûnderfining riker binne en de boargers in illúzje earmer. De foarsitter seit dat it de winsk fan bestjoerders wêze moat dat ferbettering neistribbe en berikt wurdt en dat de minsken dêr ek wat fan merke. It kolleezje is der hiel gelokkich mei dat de ried op haadpunten ienriedich is. It is de muoite wurdich om op de aksinten dy't lein binne yn te gean. It kolleezje sil yn de réaksje it ynfieringstrajekt foar de ferskate beliedsfjilden dat útstippele wurde moat oan 'e oarder stelle. Dêrby sil ek omtinken jûn wurde oan de winsk om evaluaa- sjemominten yn te bouwen. Hy kin him yntinke dat der praten is oer wêr it foech fan it bestjoer fan de plysje lizze moatte soe. Der leit yndied in spanningsfjild tusken de prinsipjele en de praktyske kant dêrfan. De ried, útsein de fraksje fan de F.N.P. wol krekt as it kolleezje de lânlike evaluaasje ófwachtsje. It soe sûnde wêze de topstruktuer fan de plysje hielendal oeral te heljen wylst let ter bliken docht dat it wer oars moat. De reorganisaasje fan de plysje dêr't yn de kranten oer praten wurdt hat te krijen mei de fraach hoe't de basisienheden ynrjochte wurde moatte. Ek spilet dêr de diskusje oft it distriktsbestjoer, dat tusken de basis ienheden en de Fryske regio ynsit, der wol bliuwe moat. It léste wurd dêroer is, ek yn de kring fan de boargemasters, noch net sprutsen. De ried kin de foarsitter altiten befreegje op it stânpunt dat hy yn de regio dêroer ynnimt. De posysje dy't Boarn sterhim dêryn innimt is oars as dy fan in gemeente út bygelyks de Súdwesthoeke. Under it kopke ekonomyske üntjouwing fan Ljouwert is der hiel wat sein oer de ARHI-proseduere. Mefrou Aukes hat yn har réaksje de nota Boppeslach behelle. It kolleezje hat dy nota in pamflet neamd. It liket him net goed dêr no oer te diskussiearjen omt it no feitlik oer "Fryslên Fernijt" giet. Dêrneist hat de steats- siktaris frege oan de omlizzende gemeenten fan de C-20 groep om te praten oer de fraach oft weryndieling mooglik in oplossing foar de stêdelike problemen wêze kin. It kolleezje fynt dat dy diskusje plakfine moat sûnder dat der no op foarhân allegear stânpunten ynnommen wurde. It oardiel fan Ljouwert, ferwurde yn Boppeslach, kleuret wol it petear oer de bestjoerlike fernijing. It kolleezje is it folslein net iens mei de arguraintaazje yn Boppeslach. Nettsjinsteande dat sil der yn de kommisje oer dizze nota praten wurde om de posysje fan Boarnsterhim nochris dúdlik ûnder wurden te bringen. N0T18MBT/0/H/HA1HJEA/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 12