GEMEENTE BOARNSTERHIM TALJOCHTING Gearkomste 16 april 1996 Wurklistnûmer 5 Portefuljehâlder mefr. K. van den Berg-Wiersma By beslüt fan 'e ried fan 20 jannewaris 1987 hawwe de doarpen fan üs gemeente de nammen krigen dy't hja no drage. Dêromhinne hat him hiel wat ôfspile, sawol foar dy tiid as nei dy tiid. Noch yn it ôfrûne jier hat jimme ried dêr mei dwaande west. Ommers by beslüt fân 11 april 1995 binne de "âlde" plaknammen ynlutsen mei yngong fan 1 jannewaris 1989. Wy dochten doe dat wy der wiene, mar it docht no bliken dat soks net it gefal is. De oast sit nammentlik yn it beslüt fan 20 jannewaris 1987. Omdat der düdlike foar-en tsjinstanners wiene fan doarpen mei in Fryske namme is de klam doe, sünder opsetsin, noch al slim kommen op de tsjinstel- ling Nederlânsk-Frysk. Sa is it ek te ferklearjen dat yn it beslüt fan 20 jannewaris 1987 Onder 1. stiet: De neikommende FRYSKTALIGE doarpsnammen Dat soe ynhâlde dat der ek in hollânsktalige ferzje is. Yn frysk- talige teksten soe dan de Fryske ferzje en yn hollânsktalige teksten soe dan de Hollânske brûkt wurde moatte. Sadwaande komme yn hollansktalige akten en oare stikken ek no noch de âlde hollânsktalige plaknammen te stean. Om't wy graach wolle dat oare ferzjes as dy't neamd binne yn it riedsbeslüt fan 20 jannewaris 1987 net mear brûkt wurde kinne, sil der in nij riedsbeslüt komme moatte, dêr't yn stiet dat de nammen Akkrum, Aldeboarn, Dearsum, Eagum, Friens, Grou, Idaerd, Jirnsum, Nes, Poppenwier, Raerd, Reduzum, Sibrandabuorren, Terherne, Tersoal, Warstiens, Warten en Wergea, de nammen binne dêr't üs doarpen mei oantsjut wurde. De earder brûkte (hollânske) nammen binne nea by beslüt sa feststeld. Der kin dêrom ek gjin beslüt ynlutsen wurde. Sadwaande sil it moatte yn 'e mear algemiene wurden fan it taheakke konsept-riedsbeslüt. GHTAUOC.FU/RMQ/l

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 24