- 3 - De hear Van der Baan seit dat hy noch mear op 'e doele brocht is troch it antwurd fan de wethâlder. Is der no in beslút nommen as net. In koarting fan f 125.000,00 út in füns dêr't mar f 10.000,00 yn sit kin net. Syn fraksje ferwachtet in útstel foar de ried, mei dêryn de koarting en de finansiering dêrfan. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje yn syn algemienens graach dúdlikheid hawwe wol. Mei koarten moat der dochs ris pra ten wurde oer in soarte fan protokol foar de ferkeap fan grün en saken, sa as koartings, dy 't dêr mei anneks binne. Hy wol ek graach witte hoe't de ried krekt belutsen is by de ferkeap fan grün. Mevrouw Aukes vindt dat, als het college geen duidelijker ant woorden kan geven, hier sprake is van struisvogelpolitiek. Er gebeuren hier immers andere dingen dan er op papier staan. Er is nu een voorstel dat niet volledig is. Het moet zichtbaar worden hoe het zit met de financiering van de f 125.000,00. De foarsltter seit dat it yn dizze ried wenst is dat de fer- keapen as meidieling oan de ried bekind makke wurde. De hear Van der Baan neamt in bedrach fan f 100.000,00 as grins. De foarsit- ter tinkt dat it ferstannich is dêr nochris krekt nei te sjen en dêr yn de kommisje oer te praten. Wethêlder De Boer bestriidt fûl dat hjir sprake is fan strús- fûgelpolityk. Der is grün ferkocht foar f 50,00. Dêrneist is der in koarting jûn fan f 125.000,00 dat mar foar in part út it wurkgelegenheidsfûns weihelle wurde kin. It sil wolris helder wurde moatte hoe't de mandaten ensafuorthinne lizze by grûnfer- keap. Mei "yn 'e breedte" bedoelt sy dat der sjoen wurdt nei wat de gemeente dwaan kin om in bedriuw en dêrmei wurkgelegenheid nei Boamsterhim te hel jen. Ek it wurkgelegenheidsfûns komt dan oan 'e oarder. Der is troch de ried wol in marzje fan f 40,00 oant f 60,00 oanjûn wêrbinnen it kolleezje ûnderhannelje kin oer grûnferkeap. De hear Van der Baan wol graach in tredde termyn. De foarsitter stelt fêst dat der gjin ferlet is fan in tredde termyn. Yn ien fan de folgjende kommisjegearkomsten sil it kolleezje mei in notysje komme oer datjinge dêr't wethêlder De Boer krekt oer sprutsen hat. Vervolgens worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen. 4. Gemeentelijk standpunt inzake eindrapport "Fryslên Fernijt". De hear Roorda seit dat syn fraksje posityf tsjin it projekt bestjoerlike fernijing oer stiet. Hy is foar iepenheid, troch- sichtige en demokratyske beslútfoarming en in goede tsjinstfer- liening, tichteby hús foar alle ynwenners. Troch "Fryslên Femijt" wurdt besocht dizze doelen te berikken. Op papier liket dat aardich slagge, mar hoe't de praktyk wêze sil moat noch bliken. It grutste part fan' e útstellen beoardielet syn fraksje postyf en dus in eksperimint wurdich. Hy giet der fan út dat der in ridlik lykwicht yn de ferdieling tusken taken foar de provinsje en de gemeenten, oerein bliuwt. Yn elts gefal mei de beslútfoar- ming net resultearje yn in swakkere posysje fan de gemeenten. N0T18MRT/0/H/HAINJÎA/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 7