- 4 - Fansels heart der achter in eksperimint in evaluaasje oan te kommen, oan 'e hân fan objektyf ûndersyk. Is it it kolleezje bekind hoe't dy evaluaasje stâl jûn wurde sil? De gemeentlike réaksje beoardielet syn fraksje as posityf en lykwichtich, sawol wat ynhâld as sfear oanbelanget. Inkelde kanttekenings wol hy dochs noch meitsje. Syn fraksje stiet wat ambivalint tsjin de réaksje oangeande it bestjoer fan de plysje oer. Oan 'e iene kant hechtet syn fraksje oan demo- kratyske legitimaasje en dat soe mei in ferskowing nei Pro- vinsjale Steaten berikt wurde. Ommers, it Regionale College foldocht net oan dat kriterium. Oan de oare kant is hy it iens mei it kolleezje dat de soarch foar de feilichheid yn tanimmende mate in lokale soarch is en sa ticht mooglik by de minsken stâl krije moat. Ek hat noch mar koartlyn in reorganisaasje by de plysje plakfûn. Der komt noch in lânlike evaluaasje oangeande de Politiewet. Yn dat ljocht besjoen liket it ferstannich de útkom- sten dêrfan óf te wachtsjen. De Politiewet seit dat de ried by in tal ynspraakmominten belutsen wurde sil. Hy freget it kol leezje nochris te sjen nei hoe dy ynspraak stâl krije moat. Syn fraksje kin ynstimme mei it stânpunt oangeande de Romtlike Oardening en de ferdielsystematiek Folkshüsfesting, steds- en doarpsfernijing en monumintensoarch. Terjochte stelt it kol leezje fragen oer de saneamde provinsjale projektproseduere. By de bepaling fan de finansjele ferdielkaai moat rekken hâlden wurde mei de noch besteande achterstânsitewaasjes. It stribjen nei ien loket foar de mijleusoarch sprekt syn fraksje tige oan. Ek de oprjochting fan in professioneel út- fieringsorganisaasje hat syn ynstimming. De hite ierdappel, de posysje fan Ljouwert yn de ekonomyske ûntwikkeling fan Fryslân, is feitlik út "Fryslân Fernijt" helle en nei it ARHI-trajekt ferskood. Syn fraksje kin him fine yn de mienskiplike réaksje fan 5 fan de 6 stedsgewestgemeenten. Oangeande de kommunimaasjestruktuer foldocht it útstel fan de stjoergroep net oan de doelstelling fan helderheid en dtidlik- heid. Syn fraksje kin him de réaksjes fan gemeenten en ek fan uzes oangeande de rol fan de VFG wol yntinke. De reewilligens om mei oare gemeenten en mei de provinsje gear te wurkjen moat wol oanwêzich wêze. Hy giet der fanút dat it kolleezje him dêr foar ynsette sil. Syn fraksje sjocht de start fan it eksperimint bestjoerlike fernijing mei belangstelling temjitte. Mevrouw Aukes complimenteert het college met het heldere stuk. Er zijn enige veranderingen aangebracht naar aanleiding van de commissievergadering. Dat doet haar deugd. Bestuurlijke vernieu wing geeft altijd stof tot spreken en schrijven. In die zin ga randeert bestuurlijke vernieuwing ambtelijke en bestuurlijke werkgelegenheid. De tijd heeft geleerd dat bestuurlijke vernieu wing een blijvend proces is. Dit heeft ook te maken met de steeds ingewikkelder wordende maatschappijmede vanwege de door slaande bureaucratisering die eigenlijk niet getolereerd moet worden. Bestuurlijke vernieuwing in Friesland heeft tot doel een heldere taakverdeling zodat met name de burgers daar profijt van hebben. De efficiency en de doorzichtigheid schieten nu nog tekort. Haar fractie kan zich in grote lijnen aansluiten bij de reactie van het college op "Fryslân Fernijt". Zij komt echter met nog een enkele nuancering. H0T18MKT/0/H/HA1HJE4/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 8