- 8 - Mefrou Veldstra seit dat har fraksje tige posityf is oer it útstel. De winkel krijt in moai plakje. Se freget har lykwols óf oft der wol genóch romte is. Wethâlder De Boer seit dat der wol genóch romte is foar de win kel. De bou-oanfraach wurdt toetst troch bou -en wentetafersjoch en Hûs en Hiem wurdt om advys frege. Hûs en Hiem wie posityf yn it advys en it kolleezje sjocht gjin reden dêr fan óf te wiken. Sy seit dat it no giet om in tariedingsbeslút. De ried kin wol beslute om seis de bou-oanfraach te behanneljen. It kolleezje fynt dat lykwols net needsaaklik. De hear Zij lstra fynt dat de wethâlder syn útstel samar oan 'e kant faget. Se giet hielendal te syl op Hûs en Hiem. Yn oare gefallen is it kolleezje wolris ófweken fan it advys fan Hûs en Hiem. Dat kin no dochs ek? Hy freget der nochris nei te sjen dat benammen de gevel past yn de wenomjouwingAs de wethâlder dat net wol, sil hy tsjinstimme. Wethâlder De Boer is net fan betinken dat sy ütstellen samar oan e kant faget. Fierwei it grutste part fan de advizen fan Hûs en Hiem wurdt folge. As it kolleezje der fan ófwykt is dat mei in motivearre stânpunt. Yn dit gefal sjocht it kolleezje gjin reden fan it advys óf te wiken. Se wol bést nochris mei de eigener prate mar dêr wol se gjin konsekwinsjes oan ferbine. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De leden K.G. van den Berg en J.H. Smittenberg worden geacht tegen nummer 6 te hebben gestemd. 11. Voorstel inzake een overeenkomst tussen de gemeente Boarnsterhim en Ballast Nedam Grond en Wegen B.V., omtrent de realisering van "Boarnstee" te Akkrum. De hear Roorda seit dat de foarlizzende oerienkomst yn mear dan ien opsicht tige wichtich is. Der sil tal fan jierren in grut ekonomysk effekt fan út gean. De totale sitewaasje by Akkrum/Nes sil yngripend feroarje. Alhoewol't Ballast Nedam en de gemeente elts harren eigen belangen hawwe kin dizze publyk-private gear- wurking foar beide in posityf risseltaat opsmite. Yn de oer ienkomst liket in goed lykwicht tusken de ferskate belangen fûn te wezen. Syn fraksje giet der fanút dat de oerienkomst juridysk yn oarder is. It liket him goed oer inkelde jierren de publyk- private gearwurkingsferbannen te evaluearjen yn de kommisjes. Syn fraksje beoardielet de omlizzing fan de Boarn mei de re- kreative foarsjennings derby tige posityf. De alternative faar- rûte troch Nes en Akkrum wurdt sa folie oantrekliker en slút moai oan by it akwadukt. It eilân Boarnstee dat sa ûntstiet, is bysûnder geskikt foar it realisearjen fan wentebou. Foar bouwen oan it wetter bestiet ommers in grutte belangstelling. Boppedat binne der yn Akkrum en Nes no gjin boukavels mear beskikber. In grut ferskil mei it sketsplan is de taname fan it tal wenten fan 240 nei 270 nei 350. Oan'e iene kant hat syn fraksje soarch oer de gefolgen foar it wenklimaat. Wurde de huzen net te ticht opelkoar boud? Bliuwt der noch genóch iepenbiere romte oer? Wat bart der as de ferkeap fan wenten tsjinfalt? Hoe tinkt it kol leezje de wenkwaliteit te fersekerjen? Yn elts gefal moat yn it bestimmingsplan it maksimaal oantal wenten fêstlein wurde. Oan de oare kant is it positive gefolch fan dizze fertichting dat der mear twa-ûnder-ien-kapwenten boud wurde kinne. N0T16APR.1/0/H/HAINJEA/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 10