- 10 - De hear Van der Baan seit dat syn fraksje der o sa mei ynnommen is dat der by Akkrum wat barre sil. Hy hat fan it begjin óf oan tocht dat it in goed plan wêze koe benammen wat de situearing oanbelanget. No kin dan de oerienkomst mei Ballast Nedam beoar- diele wurde. De ried sil besjen moatte oft it in ferantwurde deal is. It ynsjoch dêryn is lykwols net al te grut. It is net bekind hoe't de saak ferrün wie as Boarnsterhim seis it plan ûnder hannen nommen hie. In ferliking mei de oerienkomst mei Ballast Nedam is der dus net. Syn fraksje hat ek besjoen oft dizze oerienkomst de gemeente jild kostje kin. Sjoen de oer ienkomst is der wol in kâns dat de gemeente oan it koartste ein lûkt. It liket syn fraksje in hiele goede saak dat der in risiko- paragraaf oan de oerienkomst taheakke wurdt. Hy hat de yndruk dat de oerienkomst wat abstrakt formulearre is en dat it folie konkreter ütwurke wurde moat. Krityk dy't syn fraksje hat op de oerienkomst sil hy oanjaan op de punten dêr't hy fan tinkt dat der problemen ûntstean kinne. De punten 4.1.3., 4.1.5., 4.1.7., 4.-1.10., 4.1.12. en 4.2.2. yn kombinaasje mei 14.2. kinne proble men opsmite. Benammen de ûntsnappingsklausule sil op 'e nij besjoen wurde moatte. De punten 5.5. en 5.6. wat minder mar de punten 7.1. en 7.2. dogge gjin fertuten. De punten 9.3., 9.4., 14.1. en 14.2. hat hy twifels oer. Dit jout wol oan hoe't syn fraksje de oerienkomst besjocht. Syn grutste beswier is dat par tijen der op ûnderdielen ûnderút kinne as der in finansjeel risiko is. Dat is gjin goede saak. Hy mist in oersjoch fan de kosten en de baten. It moat wol helder wêze hoe't de saken der hinnelizze oars kin jo dochs net ynstimme mei dizze oerienkomst. Wa leit, finansjeel sjoen, de Burstumerdyk om? Oer it generaal is de formulearing yn de oerienkomst net slutend. It sportfjild liket wol hiel lyts út te fallen. Fierders sit hy dochs ek oantangele mei de fraach hoe't de omlizzing fan de Boarn regele wurdt. It moat in eask wêze dat it ferkear oer de Burstumerdyk wol trochgean kin. Dat de eardere F.C.E. stean bliuwt is wol in grut minpunt. Hoe komt is aanst as der wol in oerienkomst mei de eigener sletten wurde kin. Dat komt dan wol op in bedrach fan 2,5 miljoen. Hy nimt oan dat dat dan foar rekken fan de gemeente is. Syn fraksje hat der soarch oer dat der in grut tal wenten yn in koarte tiid boud wurde sille. Wat foar effekt sil dat hawwe op de leefberens fan Akkrum? Op oare plakken yn Fryslân steane der tefolle hierwenten leech, mei fan gefolgen dat de wentebou- korporaasjes de wenten te keap oanbiede. Syn fraksje hie graach in leefberens-effekt-rapportaazje hawwe wollen. Konkludearjend fynt syn fraksje dizze oerienkomst net ryp om te ûndertekenjen. Hy wol de oerienkomst oanhâlde en earst nochris yn de kommisje beprate. De hear Postma seit dat de oerienkomst wiidweidich yn de kom misje AZW besprutsen is. De risiko's, dy't der mooglik wêze kin ne, binne goed bepraten. It kolleezje hat doe steld dat de oerienkomst toetst is troch trije eksterne saakkundigen en dat hy betrouwen hat yn de oerienkomst. It kolleezje konstatearret dat der gjin finansjele risiko's foar de gemeente binne. Foar in riedslid is betrouwen yn it kolleezje de reden om yn te stimmen mei de oerienkomst. Dat der sa koart foar de gearkomste in oanfolling op de oerienkomst ütdield is, is net sa elegant. Yn dy oanpassing binne in tal saken mear taspitst en konkreter mak ke. N0T16APR.1/0/H/HAINJEA/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 12