- 11 - Der komt ek in ûnsekerheid nei foaren dat der mooglikerwiis fis caal noch wat ôfpraten wurde moat mei de ynspekteur. Dat stiet wol heaks op de tasizzing dy't dien is yn de kommisje AZW. Syn fraksje freget dêrom nochris oft der foarsjenbere risiko's oangeande de planütwurking, de ynfolling fan de ynfrastruktuer en de finânsjes binne. As it kolleezje syn tasizzings net wier- meitsje kin sil syn fraksje it kolleezje dêr op oansprekke. Syn fraksje konstatearret dat, troch achterôf in fertichting yn de wentebou oan te bringen, de boargers yn Akkrum net op de meast korrekte wize foarljochte binne. Der hie in bettere kommuni- kaasje wêze moatten. De ûnderhannelingen mei Hiemstra Silobouw binne stikkenrûn. It gebou is en bliuwt in frjemde pûst yn it gebiet. Hy is fan betinken dat de gemeente en eins Ballast Nedam noch in ferplichting hat om te besykjen dochs in oplossing te kreëarjen. Der moatte ek foldwaande garânsjes wêze oangeande de ferkearsôfwikkeling benammen op de Mienewei. De-hear De Jager seit dat it plan Boarnstee foar it doarp Akkrum in stik büter yn de brij wêze kin as der foldien wurdt oan in tal betingsten. In pear fan dy betingsten wol hy neame. Yn 1994 is Boarnstee presentearre as lükse wenwyk mei in protte grien en romte. De bebouwingstichte is lykwols ferhege. Hy hopet dat dêrtroch it begryp de lükse wenwyk mei in protte grien en romte gjin geweld oandien wurdt. It is gjin goede saak dat der noch gjin oerienstimming mei ien bedriuw berikt is. Hy trunet nochris op in oplossing oan. It kolleezje is kreatyf genôch en salang't der net boud wurdt kin der praten wurde. Goed en korrekt tafer- sjoch op de oerienkomst sil ynbakt wurde moatte yn de ütfiering fan it plan. Yn dit ferbân pleitet hy der foar dat de ried regelmjittich, sis mar 1 kear it fearnsjier, op 'e hichte brocht wurdt fan de stân fan saken. Dit jildt ek foar de oare grutte projekten dêr't de gemeente by belutsen is. De hear Van den Berg is it iens mei de hear Postma dat de rieds- leden net yn de sitewaas je ferkeare dat sy it kontrakt oant yn de lytste details trochsjen kinne. Ek syn fraksje basearret him op de advizen dy't it kolleezje ynwûn hat. Hy fynt it spitich dat der op it léste momint noch oanfoljende stikken kommen binne. Ek is it spitich dat de fraksje fan de F.N.P. noch mei hiel detaillistyske kanttekenings komt. Dat hie yn de kommisje moatten. De fertichting fan de bebouwing hoecht gjin ôfbreuk fan de kwaliteit te betsjutten. Der kinne sa ek mooglikheden foar de minsken mei de smellere beurs komme. It liket him in goede saak dat der oer de neiere ynfolling fan it plan oerlis komt mei de befolking. Hy hâldt it kolleezje oan syn wurden dat der oer de ôfsluting fan de Burstumerdyk en de omlizzing fan de Boara goed oerlis is mei Rykswettersteat en de bewenners. Hy giet der fan üt dat de oerlest ta in minimum beheind wurde sil. It is goed dat de gemeente har op guon punten bystean lit troch in ûnôfhink- like tredde. Ek wol hy graach periodyk op 'e hichte hélden wurde fan de fuortgong en eins soe der in einrapportaazje makke wurde moatte. De foarsitter seit dat der yn it kolleezje al praten is oer hoe't der in goede evaluaasje plakfine kin. Der sil tuskentiids ferslach oan de ried ütbrocht wurde. De ried sil him ek op it plak seis op 'e hichte stelle litte kinne. Oan de ein sil it hiele projekt evaluearre wurde. N0T16APR.1/0/H/HAINJEA/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 13