- 13 - Yn eardere gefallen is foar in p.p.s-konstruksje keazen om risiko's óf te wentel jen. Dat is hjir ek sa. De lizzing fan de grûn en de eigendom dêrfan wiene in goede oanlieding om krekt yn dit gefal mei Ballast Nedam te ûnderhanneljen. Dy ûnderhan- nelings wiene somtiden hurd. In partikulier bedriuw hat as doel winst te meitsjen, de gemeente hat neist it finansjele ek oare doelen. Yn in kontrakt sitte altiten ûntsnappingsclausulesYn dit gefal leit it belang al foar it grutste part by de parti- kuliere ûndernimmer. As dan it gemeentlike belied ütfierd wurdt en der boppedat in posityf saldo is dan rint de partikulier ûndernimmer it risiko. It tal wenten wat jiers boud wurdt is yn dit kontrakt leger dan yn it oarspronklike stik. It tal minsken dat fan buten yn Akkrum wenjen komt is net heger dan yn it eardere plan en dus is it risiko yn sosjale sin ek net grutter dan oardel jier lyn. Oan de ferkeap fan hierwenten troch de wentebouferiening binne hiele oare motiven ferbûn: Minsken wolle bjoeddedei graach in eigen hûs De hear Roorda betanket de foarsitter foar syn düdlike beantwur- ding. Syn fraksje is bliid mei de diene tasizzingen: evaluaasje, tuskentiidse ynformaasje, omtinken foar de ferkearsófwikkeling en oerlis mei de befolking. Fierders dat der in byldkwaliteits- plan makke wurde sil en dat it maksimum tal wenten fêstlein wurde sil. Hy is it ek mei it kolleezje iens dat Hiemstra Silo- bouw feitlik net yn in wenwyk past. It kolleezje hat ek gelyk dat dat lykwols gjin grutte beswieren opropt foar de ütfiering fan it plan. Posityf is dat it kolleezje ree is, as it bedriuw dat wol, nochris te praten. Hy hopet dat it oerlis mei Ballast Nedam en Rykswettersteat oer de ófsluting fan de Boarn en de berikberheid fan Birstum risseltaat opsmite sil. It is noch ûndúdlik oft de minsken dy't yn Boarnstee komme te wenjen no yn Akkrum as yn Nes ynskreaun wurde sille. Hy soe dêr noch graach in antwurd op hawwe wolle. It sportfjild dat der oanlein wurde sil liket him frij lyts ta, seker as der ek noch in kantine op it terrein moat. Hoe sit dat krekt? Mevrouw Aukes zegt dat zij uit de uitvoeringe beantwoording van de voorzitter moet opmaken dat het contract aan alle kanten is getoetst door specialisten. Ondanks dat wil haar fractie toch wat over het contract zeggen. Haar fractie heeft vertrouwen in het college wat betreft de gedane toezeggingen. Zij betreurt het enerzijds dat de provincie heeft aangedrongen op de verdichting van het plan. Anderzijds wacht zij de nadere invulling van het plan af. Het is haar niet duidelijk wanneer en in hoeverre de raad daarin nog inzicht krijgt. Zij vertrouwt erop dat de onder handelingen met Ballast Nedam en de gesprekken met de bewoners een goede oplossing voor de afsluiting van de Burstumerdyk zul len opleveren. De hear De Jager seit dat de gearwurking mei Ballast Nedam in win-win-sitewaasje opleverje kin. Beide partijen hawwe ommers belang by in goede ynfolling fan Boarnstee. Ien ding hat men lykwols net yn'e hân: de sitewaasje op de wentemerk. Syn fraksje soe it bot op priis stellen dat der in regelmj ittige rappor- taazje oer alle saneamde majeure projekten komt. N0T16APR.1/0/H/HAINJEA/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 15